Sechde F-35 oankaam by Ljouwerter fleanbasis

17 nov 2020 - 15:31

De sechde F-35 is tiisdeitemiddei oankaam op de fleanbasis yn Ljouwert. Yn totaal hat de loftmacht 46 tastellen besteld.

Foto: SRFotografie

De nije F-35 komt streekrjocht út it fabryk yn it Italiaanske Cameri. Mei inoar binne der no 14 tastellen levere. Acht dêrfan steane yn de Feriene Steaten en wurde dêr brûkt foar it oplieden fan fleaners.

De ferwachting is dat dit ien fan de lêste F-35-fleantugen is dy't dit jier levere wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)