Adri Abma krijt help fan psycholooch: "Dit is myn rêding"

17 nov 2020 - 15:19

Psycholooch Bernard Maarsingh fertelde moandei dat syn praktyk gjin nije minsken mear helpe kin. Troch de coronakrisis ha se it te drok en is it jild dat se fan soarchfersekerders krije op. No fertelt ien fan syn kliïnten, Adri Abma, oer hoe wichtich psychyske help op dit stuit is. It is fan libbensbelang.

Adri Abma krijt help fan Maarsingh en Van Steijn

Ien fan de minsken dy't Maarsingh wol helpt, is Adri Abma fan 46 jier út Stiens. Se hat in lange skiednis by de GGZ. Yn it ferline siet se net goed yn har fel en woe se eutanasy dwaan. Se moast allinnich earst mei in psycolooch prate en sa kaam yn 2011 Maarsingh yn byld. "Sûnder him hie ik myn ferhaal no net fertelle kind", seit se.

"Ik ha tsjin mysels sein 'ik moat sterk wêze, oars hat alles foar neat west'," Abma doelt hjirmei op de jierrenlange perioade dat se fochten hat foar har libben. Nei terapy by Maarsingh en Van Steijn gie it yn jannewaris fan dit jier, goed mei Abma. Se koe sûnder help en selsstannich fierder. Mar doe kaam corona en dat makke it foar Abma dreech om gewoan troch it libben te gean.

Alde gedachtes kamen wer nei boppe, lykas 'wat tinke minsken fan my?'

Adri Abma

Ek de maatregels fynt se lestich. Har frijwilligerswurk koe se net mear dwaan en kontakt meitsje mei minsken is dreech. De mûlkapkes soargje foar in ôfstân en boaze eagen fan minsken.

Opnamestop

Yn septimber gie it net mear. Abma belle de húsdokter mei de fraach oft se wer help krije koe fan Maarsingh. De dokter joech har in ferwizing. "Doe't ik nei de praktyk belle, krige ik de resepsje oan de telefoan. Se fertelden my dat der in opnamestop is en dat de dokter dat witte kinnen hie. Dat wist myn dokter ek wol, mar ik hie Maarsingh syn help écht nedich," fertelt Abma yn de stoel yn de praktyk.

"Nei in healoere belle Maarsingh my werom en hy sei dat ik by him terjocht koe". Abma slacht de hannen tsjin elkoar fan tankberens. "Dit hat myn rêding west. Foar de twadde kear", fertelt se mei wiete eagen. "Ik wit net hoe't it oars mei my ôfrûn wie. Suïsidale gedachtes, neam it mar, it wie allegear weromkaam."

Ferbining

"Ferbining is no in spearpunt yn myn libben. Ik ha yn terapy dat leare moatte. Mar op dit stuit wurdt it meitsjen fan ferbining mei oaren ûnmooglik makke, dêrom komt alles fan doe wer werom. De ferbining mei oaren ferdwynt wer en dat is foar my just hiel wichtich. Mar net allinnich foar my, der binne folle mear minsken dy't hjir mei sitte."

Prate nei oanlieding fan dit ferhaal kin anonym: chat fia www.113.nl, belje 113 of belje fergees 0800-0113.

(Advertinsje)
(Advertinsje)