Eaststellingwerf komt Aldi opnij net temjitte

De gemeente Eaststellingwerf bliuwt derby dat se gjin Aldi hawwe wolle op it eardere Jonge Poerink-terrein yn Easterwâlde.
Aldi © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Supermerkketen Aldi wol dat de gemeente Eaststellingwerf it bestimmingplan foar de Dertien Aprilstrjitte yn Easterwâlde feroaret. De lokaasje hat no noch de bestimming 'bedriuweterrein'. In nij bestimmingsplan soe de bou en it brûken fan in supermerk mooglik meitsje moatte.
It is al de twadde kear dat Aldi besiket de gemeenteried op oare gedachten te bringen. Earder al wegere de gemeenteried in ferklearring fan 'geen bedenkingen' foar de omjouwingsfergunning.
De lokaasje leit neffens de ried bûten it 'kearnwinkelgebiet'. De gemeenteried wol detailhannel allinnich yn it winkelsintrum mooglik meitsje.
De Dútske supermerkketen Aldi is al 25 jier dwaande om in winkel yn Easterwâlde te krijen.