RIVM meldt wer mear as 100 nije besmettingen yn Fryslân

Der binne de ôfrûne 24 oeren 102 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der santjin minder as moandei, mar heger as it trochsneed tal nije besmettingen de ôfrûne twa wiken.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Ljouwert (29). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (20) en Noardeast-Fryslân (10). Alle oare gemeenten ha seis besmettingen of minder.
Yn Fryslân is it ôfrûne etmiel ien nij stjergefal meld. Dat giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Der binne gjin nije sikehûsopnamen.
Lanlik binne der 4.320 nije besmettingen fêststeld. Dat is foar de fjirde dei op rige in delgong.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.