Hurde maatregels by SC Hearrenfean: tsien banen fuort

17 nov 2020 - 13:58

Sportklup Hearenfean sanearret. De fuotbalklup skrast tsien funksjes. Dat binne maatregels as gefolch fan de finansjele situaasje, dy't troch de coronakrisis slimmer wurden is.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

"Een pijnlijke dag voor de club", seit algemien direkteur Cees Roozemond op de webside fan de klup. "Maar bovenal voor de medewerkers waarvan we noodgedwongen afscheid moeten nemen. De voorbije maanden hebben wij op constructieve wijze overleg met de ondernemingsraad gevoerd. Dit heeft onlangs tot een positief advies geleid, waarbij onder andere een sociaal plan is overeengekomen om de belangen van de betreffende werknemers zo goed mogelijk te waarborgen. Zij worden de komende tijd ondersteund en begeleid."

Emosjonele dei

Roozemond neamt it in emosjonele dei: "Je hebt te maken met mensen, hard werkende en toegewijde medewerkers die zich vaak al jaren keihard inzetten voor de club. Het doet pijn te moeten melden dat er voor hen binnen de organisatie geen plaats meer is. Helaas is het de realiteit. sc Heerenveen ontkomt niet aan het doorvoeren van een reorganisatie waarbij banen verloren gaan. Het is in het belang van de continuïteit."

'Unûntkomber'

Hearrenfean hat it ôfrûne jier al op ferskate mêden besunige. Dêrby wie it werombringen fan it personiel ûnûntkomber, seit de klup. Direksje, spilers en meiwurkers ha ek al lean ynlevere.

Roozemond: "Meerdere keren hebben we intern kenbaar gemaakt dat de financiële situatie niet rooskleurig is en dat banenverlies niet is te voorkomen. De voetbalbranche is vervolgens hard getroffen door de aanhoudende coronacrisis, waardoor het nemen van deze harde maatregelen onontkoombaar was."

Pynlik

Neffens sportferslachjouwer, en Hearrenfean-watcher Arjen de Boer is it opfallend, en foaral ek pynlik dat de klup dizze stap no set, benammen om't Roozemond by syn oanstelling sei dat der gjin twongen ûntslaggen falle soene. "It wie in hurde eask fan de ûndernimmingsried, en dêrom hawwe se úteinlik ek ynstimd mei Roozemond as opfolger fan Eisenga."

De fraach is no oft Hearrenfean der mei dizze stap út komme sil, of dat der yn de takomst noch mear banen op it spul steane. De Boer: "Hearrenfean moat it benammen hawwe fan transfer-ynkomsten, mar as je struktureel tefolle jild útjouwe sille je de organisaasje wol ynkrimpe moatte, hoe pynlik dat ek is."

Harkje nei in petear mei Arjen de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)