'Kommissaris Brok oan set by oplossen bestjoerskrisis Smellingerlân'

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is oan set as it giet om it oplossen fan de bestjoerskrisis by de gemeente Smellingerlân. Dat seit heechlearaar 'desintrale oerheden' Geerten Boogaard fan de Universiteit van Leiden.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Boogaard neamt it 'tige útsûnderlik' dat fjouwer partijen yn de ried fan Smellingerlân derfoar keazen hawwe om mei in eigen brief oan de provinsje kritysk te reagearjen op it offisjele oanbiedingsbrief fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders by de begrutting fan 2021. It is in unike situaasje, neffens Boogaard. "Ik ken daar geen enkel ander voorbeeld van. Als het zo gaat, kun je grote twijfels hebben over de bestuurbaarheid van deze gemeente. Het is dan aan de commissaris van de Koning om in te grijpen."

It Sint-Eustatius fan Fryslân

By in gemeente mei 'groanyske problemen' op it mêd fan bestjoerberheid en finânsjes kin ek it Ryk yngripe en tydlik it bestjoer oernimme litte troch in Rykskommissaris. Op dit stuit wurdt it Karibyske eilân Sint-Eustatius troch in Rykskommissaris bestjoerd en stiet de gemeenteried tydlik bûtenspul. "Dat is natuurlijk zeer uitzonderlijk, maar als de problemen erger worden, dan kan het er wel degelijk van komen, ook in Smallingerland."
Het is een aanwijzing dat er bestuurlijk veel mis is in Smallingerland.
Heechlearaar Geerten Boogaard
Troch twa aparte brieven oer de begrutting fan 2021 nei it provinsjaal bestjoer te stjoeren, hawwe ELP, CDA, VVD en Smallingerlands Belang, mar ek it kolleezje fan b en w, de bestjoersproblemen op it buordsje fan de provinsje lein.
It kolleezje nimt yn syn brief ôfstân fan de ferline wike troch de gemeenteried fêststelde begrutting en hâldt rekken mei 'in reparaasje' letter dit jier. De fjouwer neamde partijen binne dêr wer lulk oer. Boogaard: "Dit zijn echt zaken die je intern hoort op te lossen. Het is een aanwijzing dat er bestuurlijk veel mis is in Smallingerland."

Sakekabinet lost problemen net op

Njonken de kommissaris fan de Kening kin ek deputearre Sander de Rouwe yngripe by Smellingerlân. De Rouwe kontrolearret de gemeentlike begruttingen. Hy is sadwaande yn de posysje om de gemeente Smellingerlân te freegjen om de yntsjinne begrutting oan te passen en kin de gemeente ek ûnder finansjeel tafersjoch pleatse.
As Brok yngrypt yn Smellingerlân, dan is dat net foar it earst. Hy joech de gemeenteried earder dit jier it driuwende advys om yn te stimmen mei it advys fan 'ferkenner' Ton Baas om in sakekabinet te beneamen yn plak fan it fallen kolleezje. It sakekabinet betsjutte lykwols net de ein fan alle bestjoerlike problemen, want de gemeenteried hat al ferskate kearen belangrike foarstellen fan it sakekabinet fersmiten.

'Unferantwurde besluten'

De amtners fan de gemeente Smellingerlân hawwe ek fan harren hearre litten. Sy hawwe yn in brief dúdlik makke dat se in soad muoite hawwe mei de bytiden 'ûnferantwurde besluten' dy't de gemeenteried nimt.
Professor desintrale oerheden Geerten Boogaard oer Smellingerlân

Tiidline: Smellingerlân sûnt de lêste ferkiezingen

Maart 2018
In ierdferskowing by de ferkiezings yn Smellingerlân. De Earste Lokale Partij (ELP) fan ûndernimmer Yntze de Vries wurdt de grutste partij.
Under lieding fan Ton Baas foarmet de ELP oanslutend in kolleezje mei VVD, GrienLinks/FNP en VVD. Smellingerlân krijt foar it earst in kolleezje sûnder kristlike partijen, want CDA en ChristenUnie steane bûtenspul.
Simmer 2018
De keapsnein wurdt ynfierd yn Smellingerlân, ien fan de spearpunten fan de ELP wurdt fuortendaliks regele.
Desimber 2018
Spanningen yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. PvdA-wethâlder Roel Haverkort stapt ûnferwachte op. Hy wurdt opfolge troch Cor Trompetter.
Septimber 2019
VVD-wethâlder Eric ter Keurs moat opstappe, neidat hy yn it iepenbier de amtners fan de gemeente fûl bekritisearre. Ter Keurs wurdt opfolge troch Sipke Hoekstra.
Jannewaris 2020
De PvdA beslút út it kolleezje te stappen, benammen út ûnfrede oer de hâlding fan ELP-lieder Yntze de Vries. Dy soe net konstruktyf wêze en opposysje fiere tsjin it eigen kolleezje.
Boargemaster Jan Rijpstra lûkt Ton Baas oan as ferkenner foar it foarmjen fan in nij kolleezje.
Febrewaris 2020
Baas advisearret de ried om gau in sakekolleezje te beneamen fan betûfte bestjoerders. Oer de gemeenteried is Baas tige kritysk: "Wantrouwen regeert."
July 2020
Nei in syktocht wurdt in sakekolleezje ynstallearre mei fjouwer wethâlders fan bûten. Felix van Beek fan de VVD wurdt ferantwurdlik foar finânsjes.
Septimber 2020
It foarstel fan it sakekabinet foar in nij swimbad oan de Tussendiepen wurdt ôfwiisd, De gemeenteried kiest foar de Sportleane.
Novimber 2020
Mei 16 stimmen om 15 fersmyt de ried de konsept-begrutting 2021 fan it sakekolleezje fanwege de grutte ferheging fan de belesting en parkearjild. ELP/CDA, VVD en Smallingerlands Belang krije in mearderheid foar in alternative begrutting.
De rapen binne no hielendal gear yn Smellingerlân. Amtners skriuwe yn in brief dat de gemeenteried 'ûnferantwurde besluten' nimt en it kolleezje fan b. en w. nimt yn in brief oan de provinsje ôfstân fan de troch de ried fêststelde begrutting.