Sjefkok Smink mei opnij nei grutte kulinêre wedstriid, nei bysûndere foarronde

17 nov 2020 - 13:04

Sjefkok Jan Smink út Wolvegea sil op 'e nij Nederlân ferstjintwurdigje yn de finale fan Le Taittinger Prix Culinaire International yn Parys. Ferline jier waard Smink noch tredde op dizze Europeeske itensiederswedstriid.

Foto: Omrop Fryslân

De prestizjeuze kulinêre wedstriid sil lykwols net takom jier hâlden wurde, mar pas yn 2022. Troch de coronakrisis doart de organisaasje it net oan om it evenemint takom jier jannewaris al te organisearjen.

Smink: "Ik snap de organisatie wel, je moet natuurlijk een datum kiezen dat de Nederlandse selectie wordt gedaan." Dizze seleksje wie de ôfrûne moanne. Hjirby moast fansels ek fan alles oanpast wurde fanwege de coronakrisis. "Normaal kookt iedereen z'n items, en dan komt een jury langs."

Sjen, sjen, net ite

Omdat de sjuery net by de dielnimmers delkomme koe moast it dit jier op in alternative manier. Sa moasten de sjefs in portfolio meitsje mei foto's en fideo's. Neffens Smink is de sjuery sa profesjoneel dat se op basis fan byld goed genôch sjen kinne hoe goed in gerjocht is, want priuwe sa as gewoan, dat wie der dit jier net by. "Het liefst wil je het gerecht opsturen, maar dat kan niet."

Moandei is bekend makke dat de Europeeske wedstriid yn Parys ferskood wurdt mei in jier. Spitich, mar it wie te ferwachtsjen sa seit Smink: "Het is natuurlijk ook met het voetballen gebeurd."

Dat Smink meidocht mei de wedstriid is net in grutte ferrassing, ferline jier hie er al sein dat er nochris meidwaan woe: "Ik moet gewoon eerste worden daar!"

De earste opdracht is al dúdlik: de sjefs moatte in gerjocht meitsje mei kowefleis. Smink wol dêrby Fryske produkten brûke. De oare opdracht krijt er pas de jûn yn it foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)