MCL krijt nije MRI-scanners, nofliker foar klaustrofobyske pasjinten

17 nov 2020 - 12:52

It Ljouwerter sikehûs MCL krijt trije nije MRI-scanners. Dy ha de nijste techniken foar MRI-ûndersyk en moatte de âlde apparaten ferfange. It is benammen in grutte ferbettering foar klaustrofobyske pasjinten, neffens it sikehûs.

Foto: Carina van der Starre – Donkerbroek / MCL

It foardiel fan de nije scanners is ek dat de ûndersykstiden in bytsje koarter wurde yn guon gefallen. Fierder is it in stik komfortabeler foar de pasjint en foar it personiel. It nije apparaat leit nofliker en troch in bettere koptelefoan hat de pasjint minder lêst fan it lûd.

De ynrjochting fan de MRI-romte wurdt ek feroare. Yn stee fan allinnich in wite muorre en in grut tastel, sjogge de pasjinten tenei in grutte fotomuorre. Op de plafonds komme 'virtual windows', wêrtroch't it liket datst nei de loft sjochst.

Foto: Haaije Bruinsma / MCL

De trije scanners wurde om en om ferfongen. Dêrom wurket it personiel yn de lêste moannen fan 2020 en de earsten fan 2021 op jûnen en yn de wykeinen, sadat der gjin grutte wachtlist ûntstiet.

Trefwurden: 
Ljouwert sikehûs MCL MRI
(Advertinsje)
(Advertinsje)