Nij ûntwerp Wrâlderfgoedsintrum Lauwerseach is klear

17 nov 2020 - 11:22

It nije ûntwerp fan it Wrâlderfgoedsintrum is klear. It nije gebou dat in plakje krije moat yn de haven fan Lauwerseach, wurdt 16,5 meter heech, sa skriuwt RTV Noord. It foarige ûntwerp soarge foar in soad wjerstân, dat wie hast twa kear sa heech.

Foto: Architectenbureau Dorte-Mandrup

Yn it nije ûntwerp binne mear natuerlike materialen ferwurke, lykas hout. Ferskate organisaasjes yn en rûnom Lauwerseach hawwe meitocht oer it nije ûntwerp. It is opnij makke troch it Deenske arsjitekteburo Dorte Mandrup.

Der wie protest tsjin it foarige ûntwerp. Natuerorganisaasjes, ûndernimmers en in tal ynwenners hiene beswier tsjin de hichte fan it gebou, doe noch 30 meter.

Ek wiene minsken benaud foar ljochtfersmoarging. It kompleks komt der no sa út te sjen dat der net in soad ljocht nei bûten rint.

Ynhâld

Op de earste ferdjipping komt in resepsje, multyfunksjonele romte mei lounge, kafee en winkel. Op grûnnivo komt in wiete ûndersyksromte, klasselokalen en in gearkomsteromte. Dizze binne fergees tagonklik.

Foar de twadde ferdjipping en it dak moat wol betelle wurde. Dêr komme nammentlik romten foar tentoanstellingen en it seehûnesintrum. Dit sit no noch yn Pieterburen, mar sil ferhûzje.

Der wurdt rekken hâlden mei 150.000 besikers yn it jier. Heal desimber hopet de stichting WEC it definitive ûntwerp fan it gebou te presintearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)