Natuurmuseum Fryslân foar de achtste kear meast bernefreonlik

17 nov 2020 - 08:59

Foar de achtste kear op rige hat Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert de priis wûn foar it meast bernefreonlike museum fan de provinsje. Sterker noch: sûnt it bestean fan it predikaat Kidsproof hat yn Fryslân noch noait in oar museum dy priis wûn. Mar: "Het blijft toch spannend", seit Ellen Roetman fan it museum.

Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert (natuermuseum) - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Museumynspekteurs (bern oant en mei 12 jier) ha de musea besocht. Mear as 10.000 rapporten binne ynfolle troch goed 3.500 ynspekteurs. "Je zou denken dat het heel gewoon wordt. Maar je moet zestig inspecties binnenhalen. En voordat de prijsuitreiking eraan komt, halen ze de tussenstand van de website. Dan kun je het niet meer volgen en dan blijft het een verrassing", seit Roetman.

"We organiseren het voor de kinderen"

Omdat it in oardiel fan de bern is, is it sa'n wichtige priis foar it museum. "Het zijn de kinderen die hun mening geven. Zijn de mensen aardig? Is er genoeg te doen? Is de informatie duidelijk? Kun je een speurtocht doen? Is er een leuke winkel bij? De kinderen geven hun mening, dat is voor ons heel belangrijk. Het zijn de kinderen voor wie we het organiseren." Roetman is benijd nei it rapport fan de bern, want dêr stiet faak in soad weardefolle ynformaasje yn.

Neffens Roetman is it Natuurmuseum net it iennige museum dat aardich is foar bern. "Er zijn meer musea met heel leuke kinderafdelingen, bijvoorbeeld het Scheepvaartmuseum. En ook het Fries Museum organiseert leuke dingen voor kinderen." Oer it lân meie 52 musea it predikaat Kidsproof drage.

Spannende dei

Tiisdei is in spannende dei foar alle musea. De ferwachting is dat it kabinet oankundiget dat de musea nei in tydlike sluting fan twa wiken wer iepen meie. "Daar zouden we heel blij mee zijn", seit Roetman. "We hadden na de eerste lockdown al van alles aangepast. En ook vanavond gaan we ons alvast voorbereiden op een heropening. We hebben een heel mooie tentoonstelling, het zou fijn zijn als mensen daar weer naartoe kunnen."

Ellen Roetman fan Natuurmuseum Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)