Boa's meie oefenje mei wapenstôk: "Stok gebruiken komt hopelijk zelden voor"

17 nov 2020 - 08:41

Nei't earder dit jier ûnder oare yn Ljouwert boa's aksjefierden foar mear geweldsmiddels, is de minister fan Justysje no oerstaach. Der komt in proef mei in wapenstôk foar bûtengewoan opspoaringsamtners (boa's) yn tsien Nederlânske gemeenten. Twa dêrfan binne Ljouwert en Súdwest-Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert is der wiis mei. "Je ziet in de praktijk dat boa's soms onverwacht met gevaarlijke situaties te maken krijgen in hun dagelijkse werk. Ik heb dat een paar keer kunnen zien op beelden van beveiligingscamera's."

Feilich fiele

Mei op basis fan dy bylden sjocht Buma dat sa'n wapenstôk nedich is. "Een boa kan zich dan verweren of dreigen met het hebben van die wapenstok. Het daadwerkelijk gebruiken komt hopelijk zelden voor, maar het gaat er mij om dat de boa zich veilig voelt in de wetenschap dat hij zich kán verdedigen."

Boa's moatte hieltyd mear hanthavenje. Dat is no sa mei de coronamaatregels, mar de winsk foar in wapenstôk libbet al langer. "In principe heeft alleen de politie de bevoegdheid om een geweldsmiddel te gebruiken. Maar nu is er een speciale regeling om in deze tien gemeenten te oefenen met de wapenstok."

Ferdigenje kinne

Tsien gemeenten dus, wêrfan twa yn Fryslân. "Blijkbaar hebben we goede aanvragen gedaan", seit Buma. "En de gemeenten passen in het plaatje voor de proef. Súdwest-Fryslân is een heel grote plattelandsgemeente, waar het soms heel druk kan zijn. Ook daar heb je momenten dat het nodig is voor een boa om zich te kunnen verdedigen."

Oant it safier is, krije de boa's earst training. De start fan de proef is dan op 1 jannewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)