Buma: Sitewaasje yn Fryslân bliuwt 'ernstig', ek al litte de sifers wat oars sjen

It risikonivo yn Fryslân giet net omleech, ek al jouwe de sifers oan dat dat wol kin, seit foarsitter Sybrand Buma fan de Fryske feilichheidsregio. It oantal coronabesmettingen yn de provinsje is sa bot omleech gien, dat Fryslân sifermatich net mear yn de kategory 'ernstig' falt.
Sjoch hjir nei de útlis fan Sybrand Buma.
Buma oer risikonivo
It 'coronadashboard' fan de Ryksoerheid is dêr noch net op oanpast. Dat bart pas, neidat it Ryk mei de GGD en de feilichheidsregio fan oardiel is dat dat kin. "We willen voorkomen dat mensen hierheen komen, als we de maatregelen versoepelen", seit Buma.
Yn in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed hat Omrop Fryslân rom omtinken hân foar de parsekonferinsje dy't premier Mark Rutte en coronaminister Hugo de Jonge tiisdeitejûn holden, oer de maatregels dy't naam binne om fierdere fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Buma siet yn de studio mei direkteur Margreet de Graaf fan de GGD, en se reagearren direkt nei ôfrin op de lêste stân fan saken.
Sjoch hjirûnder nei it folsleine petear mei Sybrand Buma en Margreet de Graaf.
Parsekonferinsje hiele útstjoering
Boargemaster Buma gie ek yn op oft it mei âld en nij mooglik is om te karbidsjitten. "Ik verwacht niet dat het kabinet carbidschieten verbiedt, maar als iedereen het gaat doen, ook de mensen het doen die er geen verstand van hebben, wordt het wel gevaarlijk", seit Buma.
"De hele wereld loopt nu carbid te kopen. We gaan binnenkort in Noordelijk verband kijken wat we daar aan kunnen doen. Maar als je met carbid schiet, moet je je wel aan alle anderhalvemeterregels houden"
Sybrand Buma en Margreet de Graaf oer karbidsjitten.
Buma Karbid ONLINE
It betelle fuotbal, dêr kinne je in diskusje oer fiere, seit Buma. Der spylje grutte ekonomyske belangen: om it jild kinne je der net samar mei ophâlde. Mar der spilet mear: fuotbaljen sjen soarget ek foar ûntspanning. "Als Cambuur met 7-2 wint van Almere, is heel Leeuwarden blij."
Neffens Margreet de Graaf fan de GGD is it risiko net te grut. De spilers wurde alle wiken test, seit se. En it binne jonge jonges.
Presintator Arjen de Boer wol yn dat gefal mei âld en nij wol sjen nei Ajax - Feyenoord. Laitsjend seit Buma dat Hearrenfean - Cambuur in better idee wêze soe. Margreet de Graaf hat noch in oar plan: in Alvestêdetocht.
Buma en De Graaf oer betelle fuotbal.
Elfstedentocht