Kollum: "Friezebloed"

17 nov 2020 - 08:17

"Omdat it Noordelijk Film Festival net trochgean koe, stjoerde Omrop Fryslân trije films mei in fokus op it Noarden út. Foarige wike woansdei wie dat Sami Blood fan regisseur Amanda Kernell. In yntrigearjend en meislepend portret fan de Sami, in nomadefolk dat tahâldt yn it sub-arktyske part fan de wrâld: yn Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Willem Schoorstra

Sintraal yn Sami Blood stiet de 14-jierrige Elle-Marja en har syktocht nei har identiteit. Op skoalle komt se derachter dat de mooglikheden fan de Sami har beheine ta in herdersbestean. Se wurdt om't hurtsje konfrontearre mei diskriminaasje en begjint fan in oar libben te dreamen. Fuortset ûnderwiis is net foar de Sami weilein, mar Elle-Marja jout har dêr net ûnder del.

Om har dreamen útkomme te litten ferbrekt se de bân mei har famylje en docht se ôfstân fan har kultuer. Dat momint wurdt yllustrearre troch it ferbaarnen fan har tradisjonele dracht, wêrnei't se in jurk oanlûkt dy't se stellen hat. Ek lit se har tenei Christina neame. Se past har oan de Sweedske maatskippij oan om fierder komme te kinnen.

Sami Blood is in coming-of-ageferhaal, dat tagelyk fragen stelt oer it ûntwrakseljen fan Elle-Marja oan har kultuer. Is dat it ôfskodzjen fan in konservative omjouwing, of it ferleagenjen fan komôf ûnder ynfloed fan in mearderheid? Unwillekeurich by it sjen fan soksoarte films tinke jo oan de Fryske situaasje yn Nederlân en Dútslân. Net te ferlykjen, soene jo sizze. Wy sjogge der allegear itselde út, ha net in autentyk bestean en binne folslein assimilearre troch de pressy fan in dominante mearderheid. It iennichste dêr't Friezen har mei ûnderskiede is de taal.

Dochs binne der parallellen tusken minderheden lykas de Sami en de Friezen. Oant de dei fan hjoed wurde Friezen ommers as provinsjalen sjoen, as swijsume, a-sosjale wrotters dy't in minderweardich taaltsje prate. Jo hoege mar nei de situaasje fan it ûnderwiis en de kultuer te sjen om te witten dat it Frysk dêr amper in rol fan betsjutting yn spilet.

As Fryskprater- en skriuwer moat men jin oanienwei oanpasse en bytiden sels ferûntskuldigje. Jonge minsken dy't hjir opgroeie, sitte fongen yn de fûke fan eigenheid en it oanpassen oan in dominante mearderheid om fierder yn it libben komme te kinnen.

Dat dilemma, dat gefjocht ek, wurdt prachtich werjûn yn in film as Sami Blood. De film sels lit sjen dat it ek oars kin. Dy is ommers in ko-produksje fan Noarwegen, Sweden en Denemarken, in ynternasjonaal projekt dat kulturele grinzen oerstiicht. Boppedat is de film yn it Skolt, in Sami-taal dy't noch mar troch sa'n 500 minsken sprutsen wurdt. Sadwaande is it in prachtich foarbyld fan hoe't it net allinne kin, mar sels moat.

It is op itselde stuit ek in film dy't ús freget wat wy wolle: wolle wy ús ûntwrakselje oan ús kultuer, wolle wy ús komôf ferleagenje of wolle wy stride foar ús identiteit?

(Advertinsje)
(Advertinsje)