Farmers Defence Force yn Den Haag tsjin stikstofbelied

17 nov 2020 - 07:56

In groep boeren fan Farmers Defence Force wol tiisdei yn Den Haag ûnfrede uterje oer it stikstofbelied fan it kabinet. Ut Noard-Nederlân wei binne sa'n 150 trekkers dy kant op, seit mei-organisator Mick Tinga. "Eigenlijk veel te weinig. Maar deze boeren snappen het probleem."

Farmers Defence Force yn Den Haag - Foto: ANP

Eins woene de boeren nei de kening om him te freegjen gjin hantekening te setten ûnder de nije wetten dy't it stikstofprobleem oplosse moatte en Nederlân fan it slot helje. Farmers Defence Force is benaud dat de wetten negative gefolgen ha foar de boeren. "Als de koning z'n handtekening niet zet, dan geldt de wet niet", tinkt Tinga. "Ik denk dat hij die macht wel heeft."

Protest by it keninklik paleis is lykwols net tastien. Farmers Defence Force krijt in plak op de Koekamp. Se wolle ek noch nei Leidschendam om te protestearjen by it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel. "Wij boeren moeten een eerlijke prijs voor ons product hebben", seit Tinga. "Supermarkten gooien het product wel vijf, zes, zeven keer over de kop. Dat vinden we niet eerlijk."

Krityk op LTO

It is net de earste kear dat boeren, dy't by Farmers Defence Force oansletten binne, oan Den Haag fertelle wolle dat se it net iens binne mei it sitkstofbelied. Tinga: "Je kunt beter strijdend ten onder gaan dan op je luie reet blijven zitten. Dat is de afgelopen dertig jaar gebeurd, toen er een andere groep aan de macht was." Tinga wol net tajaan dat er dêrmei op lânbou-organisaasje LTO doelt. In groep boeren is net tefreden oer hoe't LTO hannelet. Dat is ien fan de redenen dat Farmers Defence Force oprjochte is.

Ze zullen vast een keer moeten wachten op ons, dat maakt ook allemaal niet zoveel uit.

Mick Tinga slút net út dat it oare ferkear lêst hat fan de boeren

Tinga slút net út dat it oare ferkear lêst hat fan de boeren. "Ze zullen vast een keer moeten wachten op ons, dat maakt ook allemaal niet zoveel uit. De burgers staan allemaal achter ons", tinkt er.

"It bliuwt needsaaklik"

Ype Reinsma fan Skraard is ien fan de boeren dy't nei Den Haag sil. Hy hat alle kearen earder by de demonstraasjes west, twa kear mei de trein en ien kear op de trekker. "It bliuwt needsaaklik om derhinne te gean." Neffens him smyt it oandacht op foar it dossier, mar hy hat net it idee dat nei har harke wurdt. Hy ferwachtet net dat it út de hân rinne sil.

Ype reinsma , syn frou en de boerehelp - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei boer Ype Reinsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)