Karbid is net oan te slepen: "Nu al vier keer zoveel verkocht als vorig jaar"

17 nov 2020 - 07:46

It karbid is op it stuit net oan te slepen. No't it gewoane fjoerwurk ferbean is mei de jierwiksel, sjogge karbidhannelers in grutte fraach. De ynternet-gruthannel fan Bram de Vegt út Easterwâlde hat no al fjouwer kear safolle ferkocht as ferline jier. "De vaten gaan het pand in en vliegen er direct weer uit."

Foto: ANP

"Vorig jaar hebben we in totaal zo'n 3.000 kilo verkocht. Toen gingen we door tot eind december", fertelt De Vegt. "Het is nu nog maar half november en we hebben al 12.000 kilo verkocht. Vier keer zoveel als vorig jaar. Daar schrokken we zelf ook van."

Minsken teloarstelle

Folle mear ferkeapje slagget de kommende tiid ek net, want se kinne it net mear ynkeapje. "We krijgen elke dag nog veel aanvragen, helaas moet ik dan iedereen teleurstellen."

Gjin hantlieding foar nije karbidsjitters

Gewoanwei ferkeapet De Vegt in soad oan karbidploegen út de buert. Dat docht er dit jier ek, mar dêrnjonken is der dus noch folle mear belangstelling. Hy jout de nije keapers gjin spesjale ynstruksje hoe't se it karbid brûke moatte. "We gaan ervan uit dat ze zelf wel onderzoek doen. Het is moeilijk voor ons om een hele handleiding te geven bij het verkopen van carbid", seit er.

De Vegt begrypt dat guon fjoerwurkferkeapers it net earlik fine dat karbid noch wol mei. "Dat kan ik me voorstellen." Hy hâldt der ek rekken mei dat karbid noch ferbean wurdt. "Maar carbid is ongeveer vijf jaar houdbaar. Dus als de kopers pech hebben, kunnen ze altijd nog een jaartje wachten en dat alles wegschieten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)