Liveblog | 17 novimber 2020

Coronanijs 17 novimber: Musea en teäters wer iepen | Net earder as heal desimber mear ferrommingen

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus te folgjen.
Lêst bywurke: 17 novimber 2020, 22:26
tiisdei 17 novimber 2020
22:30

Ein fan dit liveblog

Dêrmei binne we oan de ein fan dit liveblog kaam. Woansdei is der wer in nij liveblog mei it lêste coronanijs út Fryslân.
We sette noch ien kear it wichtichste coronanijs fan tiisdei op in rychje:
21:40

Dit binne de maatregels dy't fan tongersdei ôf jilde

We moatte der rekken mei hâlde dat der oant healweis jannewaris maatregels nedich bliuwe om it coronafirus te bestriden. Dat sei minister De Jonge. Heal desimber soene de earste ferrommingen komme kinne. Oft dat betsjut dat de hoareka wer iepen hiet, wol er net sizze.
Op de parsekonferinsje waard ek befêstige dat de ekstra strange maatregels dy't twa wiken lyn oankundige binne, moarntejûn om 24:00 oere ôfrinne. "Die maatregelen hebben gewerkt, of beter gezegd ons gedrag heeft gewerkt", sei premier Rutte. "Dat is een compliment aan ons allen."
20:57

Wurkjouwers wolle mear perspektyf

Wurkjouwersorganisaasjes VNO-NCW en MKB-Nederlân binne bliid dat de pretparken, teäters en bioskopen wer iepen kinne. Dochs fine se dat it kabinet mear perspektyf biede moat, sizze se. "Zo wordt pas medio december duidelijk of de horeca met de feestdagen weer aan de slag kan."
Se pleitsje ek foar "slimme maatregelen en grootschalig testen". Fan 1 desimber ôf wurdt troch de taname fan de testkapasiteit foar minsken sûnder klachten en mei in negative test wurdt de karantêne ferkoarte oant fiif dagen. Dat is in goeie stap, sizze VNO-NCW en MKB Nederlân, mar it is net genôch. Se wolle in karantêne fan nul dagen, mei help fan testen.
20:49

Hoarekabransj: gebrek oan perspektyf 'teloarstellend'

Foar hoareka-ûndernimmers is it teloarstellend dat se noch gjin sicht ha op it momint dat yt- en drinkgelegenheden wer iepen kinne. Dat seit de direkteur fan belange-organisatie Koninklijk Horeca Nederland yn in reaksje op de parsekonferinsje fan it kabinet oer it coronabelied.
"We hebben gehoord dat er op 8 december wat meer duidelijk wordt. Dan heb je nog maar tweeënhalve week tot de kerst en dat is rijkelijk laat", seit er. "Voor horecaondernemers is het een hard gelag dat andere delen van de lockdown weer worden opgeheven, maar dat de horeca niet genoemd wordt."
20:34

De doarren binne noch net iens iepen, mar it swimbad fan De Jouwer is no al hast útferkocht

No't de ekstra maatregels dy't twa wiken lyn útroppen binne, kommende tongersdei wer ferfalle, falle we werom op de 'gedeeltelijke lockdown' dy't it kabinet op 13 oktober ôfkundige. De hoareka bliuwt ticht, mar bibleteken, musea, teäters en swimbaden meie wer iepen.
By Swimfun op De Jouwer rint it al stoarm.
Swimbad
20:29

KNVB teloarsteld nei parsekonferinsje