Coronanijs 17 novimber: Musea en teäters wer iepen | Net earder as heal desimber mear ferrommingen

17 nov 2020 - 22:26
22:30
Ein fan dit liveblog

Dêrmei binne we oan de ein fan dit liveblog kaam. Woansdei is der wer in nij liveblog mei it lêste coronanijs út Fryslân.

We sette noch ien kear it wichtichste coronanijs fan tiisdei op in rychje:

  • De musea, bioskopen, swimbaden, teäters, pretparken en bistetunen meie fan tongersdei ôf wer iepen;
  • De maatregels fan 30 oktober jilde sa't it no stiet oant heal jannewaris;
  • De Jonge: foarsichtige ferrommingen by delgeande sifers pas op syn betiidst healwei desimber mooglik;
  • Rutte advisearret om it Sinteklaas-feest oer meardere dagen te ferdielen;
  • Testen fan 1 desimber ôf ek mooglik foar minsken dy't gjin klachten hawwe, mar wol kontakt hân hawwe mei coronapasjint;
  • It kabinet hopet begjin desimber dúdlikens te jaan oer de krystdagen;
  • It RIVM hat tiisdei 102 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân, dat binne der 17 minder as moandei;
  • Hurde maatregels by SC Hearrenfean: tsien banen fuort.
21:40
Dit binne de maatregels dy't fan tongersdei ôf jilde

We moatte der rekken mei hâlde dat der oant healweis jannewaris maatregels nedich bliuwe om it coronafirus te bestriden. Dat sei minister De Jonge. Heal desimber soene de earste ferrommingen komme kinne. Oft dat betsjut dat de hoareka wer iepen hiet, wol er net sizze.

Op de parsekonferinsje waard ek befêstige dat de ekstra strange maatregels dy't twa wiken lyn oankundige binne, moarntejûn om 24:00 oere ôfrinne. "Die maatregelen hebben gewerkt, of beter gezegd ons gedrag heeft gewerkt", sei premier Rutte. "Dat is een compliment aan ons allen."

20:57
Wurkjouwers wolle mear perspektyf

Wurkjouwersorganisaasjes VNO-NCW en MKB-Nederlân binne bliid dat de pretparken, teäters en bioskopen wer iepen kinne. Dochs fine se dat it kabinet mear perspektyf biede moat, sizze se. "Zo wordt pas medio december duidelijk of de horeca met de feestdagen weer aan de slag kan."

Se pleitsje ek foar "slimme maatregelen en grootschalig testen". Fan 1 desimber ôf wurdt troch de taname fan de testkapasiteit foar minsken sûnder klachten en mei in negative test wurdt de karantêne ferkoarte oant fiif dagen. Dat is in goeie stap, sizze VNO-NCW en MKB Nederlân, mar it is net genôch. Se wolle in karantêne fan nul dagen, mei help fan testen.

20:49
Hoarekabransj: gebrek oan perspektyf 'teloarstellend'

Foar hoareka-ûndernimmers is it teloarstellend dat se noch gjin sicht ha op it momint dat yt- en drinkgelegenheden wer iepen kinne. Dat seit de direkteur fan belange-organisatie Koninklijk Horeca Nederland yn in reaksje op de parsekonferinsje fan it kabinet oer it coronabelied.

"We hebben gehoord dat er op 8 december wat meer duidelijk wordt. Dan heb je nog maar tweeënhalve week tot de kerst en dat is rijkelijk laat", seit er. "Voor horecaondernemers is het een hard gelag dat andere delen van de lockdown weer worden opgeheven, maar dat de horeca niet genoemd wordt."

20:34
De doarren binne noch net iens iepen, mar it swimbad fan De Jouwer is no al hast útferkocht

No't de ekstra maatregels dy't twa wiken lyn útroppen binne, kommende tongersdei wer ferfalle, falle we werom op de 'gedeeltelijke lockdown' dy't it kabinet op 13 oktober ôfkundige. De hoareka bliuwt ticht, mar bibleteken, musea, teäters en swimbaden meie wer iepen.

By Swimfun op De Jouwer rint it al stoarm.

Swimbad

19:35
Buma: As minsken net witte hoe't se karbidsjitte moatte, wurdt it wol gefaarlik

Corona feroaret neat oan it karbidsjitten. Dat seit Sybrand Buma. Mar yn groepen mei it net. "Ik verwacht niet dat het kabinet carbidschieten verbiedt, maar als iedereen het gaat doen, ook de mensen het doen die er geen verstand van hebben, wordt het wel gevaarlijk."

"De hele wereld loopt nu carbid te kopen. We gaan binnenkort in Noordelijk verband kijken wat we daar aan kunnen doen. Maar als je met carbid schiet, moet je je wel aan alle anderhalvemeterregels houden"

Buma Karbid ONLINE

19:25
Buma: Diskusje mooglik oer betelle fuotbal; Hearrenfean - Cambuur mei âld en nij soe moai wêze

Wol of gjin betelle fuotbal, dêr kinne je in diskusje oer fiere, seit Sybrand Buma. Der spylje grutte ekonomyske belangen: om it jild kinne je der net samar mei ophâlde. Mar der spilet mear: fuotbaljen sjen soarget ek foar ûntspanning. "Als Cambuur met 7-2 wint van Almere, is heel Leeuwarden blij."

Neffens Margreet de Graaf fan de GGD is it risiko net te grut. De spilers wurde alle wiken test, seit se. En it binne jonge jonges.

Presintator Arjen de Boer wol yn dat gefal mei âld en nij wol sjen nei Ajax - Feyenoord. Laitsjend seit Buma dat Hearrenfean - Cambuur in better idee wêze soe. Margreet de Graaf hat noch in oar plan: in Alvestêdetocht.

Elfstedentocht

19:21
Buma: Risikonivo Fryslân net omleech, "We willen voorkomen dat mensen hierheen komen"

It risikonivo yn Fryslân giet net omleech, ek al jouwe de sifers oan dat dat wol kin. Dat seit foarsitter Sybrand Buma fan de Fryske feilichheidsregio yn in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed. Dy is hjir live te folgjen.

It oantal coronabesmettingen yn de provinsje is sa bot omleech gien, dat Fryslân sifermatich net mear yn de kategory 'ernstig' falt. It 'coronadashboard' fan de Ryksoerheid is dêr noch net op oanpast. Dat bart pas, neidat it Ryk mei de GGD en de feilichheidsregio fan oardiel is dat dat kin.

Buma seit dat de kâns op in tredde golf noch hieltyd oanwêzich is. "We willen voorkomen dat mensen hierheen komen, als we de maatregelen versoepelen."

Minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge bepaalt oft it risikonivo echt omleech brocht wurde kin. Dêrby sjocht er ek nei oare faktoaren, sa as de kapasiteit fan de soarch. "Bij het bepalen of een regio terug kan naar een lager risiconiveau wordt grote voorzichtigheid betracht", melde de Ryksoerheid earder hjoed.

Freed nimt De Jonge der in beslút oer.

Buma oer risikonivo

19:10
De Jonge: As de sifers hieltyd leger wurde, de kinne maatregels heal desimber ferromme wurde

De sifers binne leger as se wiene, mar heger as se wêze moatte. Dat seit coronaminister Hugo de Jonge. Hy seit dat de maatregels net te gau ferromme wurde moatte. "We zijn er nog lang niet."

Heal desimber soe der mear ferromming komme kinne, seit De Jonge. "De behoefte om met Kerst samen te zijn is dit jaar extra groot." Begjin desimber moat dêr mear dúdlik oer wêze, seit er.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)