Undersikers dogge 177 persoanlikheidstests op in ûnbewenne eilân

17 nov 2020 - 07:28

Op it meastentiids ûnbewenne Waadeilantsje Gryn binne dit jier 177 persoanlikheidstests útfierd. Net op minsken, mar op mientsen (kanoeten). Dizze fûgels briede yn it hege noarden, mar ferbliuwe tuskentroch ek yn grutte oantallen op it Waad. Undersiker Allert Bijleveld fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) folget mei kollega's de fûgels om derachter te kommen hoe't sy reagearje op feroarrings, lykas dy fan it klimaat.

Undersikers dogge 177 persoanlikhiedstest op in ûnbewenne Waadeilân

Dy persoanlikheidstest is yn in lytse romte dêr't fjouwer bakken mei wat sân en wetter yn stean. "Wij laten na de vangst een kanoet daarin los en dan meten we van bovenaf met een camera waar hij precies naar toe gaat. Gaat hij naar één bak of twee bakken of niet. Dat doen we één keer, maar voor een aantal dieren nog een keer. En dan zie je dat er hele grote verschillen zijn tussen verschillende kanoeten", seit haadûndersiker Allert Bijleveld.

"De één als je hem loslaat blijft in één bak zitten terwijl de ander van de ene naar de andere bak gaat, steeds maar heen en weer. Als we dat een paar dagen later of zelfs anderhalf jaar later doen dan zijn het weer dezelfde individuen die heel erg heen en weer gaan en dezelfde individuen die op één plek blijven." Dat de fûgels yn sa'n romte loslitten wurde, is om foar te kommen dat prikkels út de omjouwing ynfloed hawwe op de mients.

Jonge fûgels

Yn it wyld wurde de fûgels ek folge neidat sy loslitten binne en dan sjogge je itselde gebeuren. De meast aktive fûgels yn de proef gean ek folle mear op ûndersyk út. Sy frette ek oar iten. Dat soarte fan ûntdekkingsreizgers kinne fan grutte betsjutting wêze foar de soart. Mar Bijleveld wol ek witte hoe't dat gedrach ûntstiet. Dêrom binne der dit jier ek jonge fûgels ûndersocht en dat hat laat ta nije konklúzjes.

In jonge mients by de Zuiderpier fan Harns - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

"Als je dan kijkt naar die bewegelijkheid dan is wat die jonge vogels doen helemaal niet herhaalbaar. De volwassen dieren wel, want die hebben al een persoonlijkheid maar de jonge dieren moeten dat kennelijk nog ontwikkelen", seit Bijleveld dy't ek sjocht dat de 'puberjende mientsen ek op in in oare wize ferskille fan de âlde fûgels.

"We zien dat ze naar hele andere gebieden gaan zoals de kust van Harlingen bij de Zuiderpier. Daar zie je regelmatig kanoeten en bijna alle kanoeten die je daar ziet, zijn kanoeten. De volwassenen zie je daar helemaal niet en het lijkt wel een soort jongerensoos; een hangplek voor jonge kanoeten."

Sjips

By minsken gedrage pubers harren net allinnich oars, sy ite ek geregeld saken dêr't folwoeksenen dochs wat minder fan ynnimme lykas sjips. En it liket derop dat ek de jonge mientsen soks hawwe, sa seagen de ûndersikers by Harns. Bijleveld: "Wat ze daar eten zijn groene wieren die daar op de basaltblokken liggen. De volwassen dieren zien we dat eigenlijk niet eten. Dus misschien is dat inderdaad wel de 'chips' voor de jonge kanoeten. Die eten iets heel anders."

(Advertinsje)
(Advertinsje)