Twafâldich Alvestêdewinner Evert van Benthem krijt keunstwurk yn Sint Jansklooster

Sint Jansklooster yn Oerisel krijt in keunstwurk as oantinken oan twafâldich Alvestêdewinner Evert van Benthem, dy't út dat doarp komt.
© ANP
Van Benthem wûn yn 1985 en 1986 de Alvestêdetocht. Yn 2021 is it 35 jier lyn dat er wûn, reden foar Pleatslik Belang om him te earjen. "Hij heeft heel veel betekend voor ons dorpje. Hij heeft het echt op de kaart gezet", seit foarsitter Marleen Pol.
Yn it keunstwurk moat de reedrider te sjen wêze en ek in ferwizing nei de Alvestêdetocht. It wurdt makke troch keunstner Albert Weijs út Sint Jansklooster. Van Benthem wennet al jierren yn Kanada, mei de ûntbleating is it plan dat er oerkomt.
RTV Oost makke dizze reportaazje: