Fryske stedsbeierdier spilet Stones-klassikers op kariljon Martinitoer yn Grins

Ruby Tuesday of Angie..: it kin samar wêze dat dizze nûmers freed en sneon troch Grins te hearren binne, dizze hits fan The Rolling Stones. De Fryske stedsbeierdier Auke de Boer jout freed om 15:00 oere en sneon om 11:00 oere in bysûnder konsert fan Stones-klassikers op it kariljon fan de Martinitoer. Dat docht er by de Rolling Stonestentoanstelling dy't freed iepenet yn it Groninger Museum.
© ANP
"By it konsert fan The Rolling Stones yn 1999 ha ik it ek dien en blykber wisten se dat noch by it museum en bin ik wer frege", seit Auke de Boer. "Dat woe ik graach dwaan, it ynstrumint moat klinke yn de stêd as der wat gebeurt."
De Boer hat de nûmers noch wolris spile. "Ik bin ek beierdier yn Dokkum, dus dêr ha se it grif ek wolris heard." Sels siet er yn syn jeugd mear yn it kamp fan The Beatles. Foar it optreden yn 1999 moast er sykje nei watfoar meldijen geskikt wienen. "By The Beatles kin alles wol, dat is melodysker. Mar by The Stones fûn ik ek wat nûmers dy't spile wurde kinne op it ynstrumint út 1660. De swierste klok yn Grins is 8.000 kilo."
Yn 1999 fûnen in soad minsken it prachtich, dat hopet er no wer. As it goed giet, sil er ek yn freedtejûn om 19.00 oere yn Dokkum in pear Stones-nûmers hearre litte.
Auke de Boer