Soargen by âlden oer ferhurding op skoallen troch mûlkapkeplicht

16 nov 2020 - 19:04

Dosinten, learlingen en heiten en memmen fine dat de sfear op in soad skoallen 'hurder' wurden is no't op guon skoallen bern ferplicht mûlkapkes op hawwe moatte. Op de webside meldpuntmondkapjes.nl binne al goed hûndert klachten binnenkaam.

argyffoto, dizze persoan komt net yn it ferhaal foar - Foto: Simon Vestdijk

Ien fan de inisjatyfnimmers fan it klachtemeldpunt is Elbrecht Claus út Ljouwert. Neffens Claus giet it de âlden net om it ûntkennen fan it firus en de gefolgen. Mar se hawwe wol fraachtekens by de plicht dy't guon skoallen no ynfiere foar mûlkapkes, want it soarget neffens harren foar in eangstkultuer.

"De klachten fariearje fan âlden dy't oanjouwe dat se mei de skoallen yn petear wolle oer de mûlkapkes, en dat se gjin gehoar krije. Oant bern en learkrêften dy't opmerkingen nei de holle krije as se net in kapke op hawwe."

De âlden hawwe benammen muoite by de skuld dy't by de bern dellein wurdt as se gjin mûlkapke op hawwe. Dat sy dan ferantwurdlik binne foar in oar syn sûnens. Dat kin neffens Claus net. By de learkrêften soe it sels sa fier gean dat se benaud binne om har út te sprekken tsjin de mûlkapkeplicht, om't se dan mooglik har baan op it spul sette.

Nei omtinken yn de lanlike media hat it meldpunt moandei opnij sa'n 60 klachten krigen fan bern, âlden en learkrêften oer de mûlkapkes op skoallen.

Elbrecht Claus

(Advertinsje)
(Advertinsje)