Hoarekameiwurkers fan De Lawei helpe yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

16 nov 2020 - 18:04

Hoarekameiwurkers en suppoasten fan skouburch De Lawei yn Drachten helpe tydlik mei yn it sikehûs yn Drachten. De Lawei is ticht troch de coronamaatregels en dêrom binne 14 meiwurkers no oan de slach yn sikehûs Nij Smellinghe om soarchpersoniel te ûntlêsten.

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

"We ha yn de skouboarch kwealik oan it wurk west, der wienen wol wat films mar de hoareka lei stil fansels", seit Marrick de Jong, gewoanwei liedingjaande fan it hoarekapersoaniel yn De Lawei. Hy sit der net oer yn dat er syn wurk ferliest troch de coronakrisis. "Dêr ha ik gjiin dei oer ynsitten."

It idee foar de help kaam by it sikehûs wei. "De fraach wie oft der wat hantsjes wienen by De Lawei. No we wolle graach oan it wurk, dus elk hat ja sein." Se helpe by it heljen en bringen fan pasjinten nei de ok. "We bringe ek iten en drinken rûn en helpe besikers oan de corona-ôfdieling yn de beskermjende klean."

De Lawei-meiwurkers fine it moai wurk, en de minsken binne aardich. Yn earste ynstânsje is de help oant healwei desimber. "Mar it kin ferlinge wurde."

Marrick de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)