Boa's krije wapenstôk yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân

16 nov 2020 - 17:46

Boa's yn de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân krije in wapenstôk. It giet om in pilot dêr't 10 gemeenten yn Nederlân meidogge. De proef sil in jier duorje. Foardat de boa's de wapenstôk brûke kinne, moatte se in oplieding folgje. Wannear't de pilots begjinne ferksilt per gemeente, ôfhinkelik fan de snelheid dêr't de trainingen en opliedingen dien wurde kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Oare gemeenten dy't meidogge binne: Alkmaar, Amsterdam, Capelle aan den IJssel, Hoorn, Valkenburg aan de Geul, Velsen, Zandvoort en Zoetermeer. Nei in jier sil der evaluearre wurde en ek sil der monitoard wurde by de pilot.

Minister Grapperhaus wie earder gjin foarstanner fan de wapenstôk foar boa's. No skriuwt hy dat der de lêste moannen in soad te dwaan west hat oer de hanthavening troch boa's en dat dat oanlieding is om de saak mei in frisse blik te besjen.

Wannear't Ljouwert en Súdwest-Fryslân begjinne mei de pilot is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)