Bowlingsintra ha it dreech om't hoarekapart sletten is: "Het water staat ons aan de lippen"

16 nov 2020 - 16:57

Hast alle bowlingbanen yn Nederlân stean op omfallen. Dat seit de foarsitter fan de Nederlânske feriening fan Bowlingûndernimmers. Ien fan de problemen is dat se sels gjin iten en drank servearje meie.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Het zijn moeilijke tijden, we hebben nul inkomsten, alleen maar kosten. En dat al een tijd lang, eerst 3,5 maand en nu ook weer een maand", seit John Bos fan it bowlingsintrum yn Drachten. "Het water staat ons aan de lippen."

Hy hat seis minsken yn fêste tsjinst, trije yn Drachten en trije op syn sintrum op It Hearrenfean. Hy krijt wol jild út de NOW-regeling mar dat dekt net alles.

It seizoen foar de bowlingbanen begjint 1 septimber en rint oant heal maaie. "We moeten het van de afgelopen maanden hebben, en de eerste maanden van het nieuwe jaar zijn er vaak bedrijfsfeesten, maar dat valt ook allemaal weg. De toekomst ziet er niet rooskleurig uit."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De bowlingbaan wie snein iepen en doe is ien baan ferhierd. "Mijn mensen voelen zich meer oppas dan horecamedewerker, want je mag geen biertje of bitterbal verkopen. Ze kunnen alleen maar de baan aan- en uitzetten. Als we toestaan dat mensen zelf eten en drinken meenemen, hebben we een probleem als er controle komt, want het is lastig te bewijzen dat het niet van ons komt."

As de sluting fan hoareka noch lang oanhâldt, hat er betocht om in 'koek en zopie' foar de doar te setten. "Maar dat zal niet de oplossing zijn om ons te redden."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

John Bos

(Advertinsje)
(Advertinsje)