Foppe de Haan: "Cambuur wurdt kampioen"

16 nov 2020 - 16:44

SC Hearrenfean kaam dit wykein net yn aksje fanwege de wedstriden fan it Nederlânsk alvetal, wylst SC Cambuur snein de flier oanfage mei konkurrint Almere City. Genôch reden om troch te praten oer it fuotbalwykein en om djipper op dé klup fan ús gast yn te zoomen. Dat dogge we yn de SportCast mei âld-trainer en klupikoan Foppe de Haan fan SC Hearrenfean.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

It Amelân is it twadde thús fan Foppe de Haan en dêr bringt er yn dizze coronatiid ek in soad tiid troch mei syn frou Geke. "It giet eins hiel goed. Wy binne graach op It Amelân. De natuer is echt moai en ik mei ferrekte graach golvje." It fuotbal folget De Haan fansels noch wol op 'e foet.

Foppe Kompleks

De Haan is ek goed op de hichte fan it supportersinisjatyf om in tribune nei Riemer van der Velde en him te neamen. "Ik ha mei Geke oerlein en se sei: as dy minsken it fine, fine wy it ek moai. Doe sei ik: okee, dan fyn ik it ek moai." De Haan hat dêrfoar ek kontakt socht mei Van der Velde, om't er graach tegearre mei de âld-foarsitter oplûke wol. "As it giet sa as it gong is, bin ik dêr hartstikkene bliid mei."

Neffens ferslachjouwer Arjen de Boer wurdt it plan op it stuit fierder ûndersocht en soe der in tribune nei Van der Velde neamd wurde en it trainingskompleks nei De Haan. Dêr kin de âld-trainer mei libje: "Dat fyn ik prima. De Haan hoecht net, dan allinne Foppe. Dus it Foppe kompleks."

Galafoarstelling

Oer de galafoarstelling fan SC Cambuur tsjin Almere City (7-2) is ferslachjouwer Geert van Tuinen út de skroeven: "It is kwalitatyf ien fan de moaiste wedstriden fan Cambuur dy't ik ea sjoen haw. Der wurdt prachtich moai fuotballe."

De Haan hat de wedstriid fan snein fia de radio folge, mar hy sjocht ek geregeld wedstriden fan de Ljouwerters. "Cambuur kin gewoan goed fuotbalje. Dat diene se ferline jier ek al. Se hawwe dy hiele tastân knap efter harren litten. Cambuur wurdt kampioen."

Kampioen sil SC Hearrenfean net wurde, mar de Feansters prestearje wol hiel goed ûnder lieding fan Johnny Jansen. De Haan hie net ferwachte dat Jansen haadtrainer wurde soe. "Ik haw noait oan him begrepen dat er dat woe, mar ik hie ek net safolle kontakt mear mei se. Mar ik tocht: hawwe we einliks wer ien fan binnenút, dat is allinne mar better. Hy docht it prima. Hy is hiel rêstich en hy hat echt ferstân fan trainen."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)