Karbidploegen binne der klear foar: ''Wy hoopje dat wy sjitte kinne''

No't wy dizze jierwiksel gjin fjoerwurk ôfstekke meie, is de grutte fraach foar in soad minsken: mei karbidsjitte noch wol? Dêr komt dizze wike mear dúdlikheid oer, mar de Fryske karbidploegen slaan alfêst in foarried karbid yn.
NOCH Karbidsjitte yn Fryslân: wat dogge de âldjiersploegen?
Dat jildt ek foar de karbidploech út Wurdum. Sy ha alfêst 40 kilo karbid helle, foar it gefal dat se wol sjitte meie. De bussen en kannonnen stean yn alle gefallen klear, sa seit Alex Kuperus fan de karbidploech. "Wy ha allegear molkbussen en fjouwer kanonnen neist mekoar stean. Wy goaie der in blokje karbid yn en wat wetter, en dan kinne wy knalle."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
It karbidsjitten is yn Wurdum altyd in grut feest. "Elk jier komme der wer in hiel soad minsken sjen. Dan ha wy der in feesttinte by en slute wy de dei ôf mei live muzyk." Foar dit jier besiket de ploech dochs wat te organisearjen, mar dêr sille gjin hûndert minsken by meie.
"Der sil net in grut feest komme dit jier." De ploech is mei tsien man en kin op it terrein maklik ôfstân fan mekoar hâlde, mar dat makket it feestje noch net, seit Kuperus: "Wy hoopje dochs dat der wol minsken komme kinne te sjen, want de hiele dei mei syn tsienen knalle is leuk, mar de gesellichheid moat der ek wêze."
De ploech is der yn alle gefallen klear foar om los te gean as it kin. "Wy ha karbid, we ha de bussen en wy sille ynkoarten sjen hoe't wy it ha sille. It wurdt sawiesa oars as oars."
Karbid sjitten © Omrop Fryslân