Boeren meie net demonstrearje by de kening

Aksjegroep Farmers Defence Force krijt gjin tastimming om tiisdei by Huis ten Bosch yn Den Haag te demonstrearjen. It protest by it keninklik paleis is net tastien, de boeren krije plak op de Koekamp, net fier fan stasjon Den Haag Centraal.
© ANP
De boeren wolle in fersykskrift oanbiede oan kening Willem-Alexander. In lytse delegaasje mei dêrfoar nei it Kabinet fan de Kening, by de Hoffiver. Grutte foertugen meie nea yn it sintrum fan de stêd komme, want dat is te gefaarlik foar it winkeljend publyk, sa seit de gemeente Den Haag.
FDF wol dat boeren harren trekkers parkearje foar de doar fan Huis ten Bosch, as needgjalp tsjin de stikstofplannen fan it kabinet. Hûnderten boeren soene tasein hawwe om op harren trekkers nei Den Haag te kommen.
Dêrnei soene se fierder demonstrearje wolle by it haadkantoar fan de koepel fan supermerken, it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel yn Leidschendam.