Datingcoach oer daten yn coronatiid: "Hâld it simpel"

16 nov 2020 - 15:27

Leafde yn tiden fan corona: dat bliuwt sa no en dan in flinke útdaging, fynt datingcoach Geppy Visser. Hoe hâlde je it noflik mei-inoar, en wat moat ien dwaan dy't siket nei in nije flam? Datingcoach Geppy Visser jout advys.

Foto: Pixabay

Tiid en omtinken foar inoar, en der tegearre wat fan meitsje: dat is wichtich foar relaasjes, fynt datingscoach Visser. "Eartiids foar corona koene je nei de bioskoop en út iten. Dat wie in romantyske jûn, mar sa simpel is it no net mear." Dochs hoecht it neffens Visser allegearre net sa "bysûnder, kreatyf en út de skroeven" te wêzen, sa't se sels seit, en kinne je it ek gewoan thús gesellich hawwe. "Plan gewoan ris even in ekstra spultsjesjûn yn, en meitsje der wat gesellichs fan. Of sied ris iten foar inoar."

Wa't mekoar lykwols al de hiele dei op de lippe sit - bygelyks omdat beide partners thúswurkje - docht der goed oan om ek ris allinne de fleugels út te slaan. "Dan kinne je jûns wer even byprate", sa seit Visser.

'Lit de moedfearren net hingje'

Foar singles binne dit bêst wol drege tiden, fynt de datingcoach. "In hiel soad dingen falle foar harren fuort. In klupke, aktiviteiten mei freondinnen of freonen, even nei de kroech: dat is dreech wurden. Dat moatte oaren net ûnderskatte."

Mar, seit Visser, se steane der net allinne foar. Hjoed-de-dei binne der in hiel soad allinnesteanden. Boppedat binne der genôch minsken dy't inoar ek yn dizze tiden tsjin it liif rinne. "Ik sjoch dat der just ek in hiel soad - mear minsken as oars wer - slagje mei inoar. Lit de moedfearren net hingje en gean krekt no ek op syk."

Dat dogge minsken no op ferskate manieren. Fia it ynternet, bygelyks. Of fia in 'matchmaker' lykas Geppy Visser. "As je kreatyf binne en efkes je bêst dogge, bin ik der wis fan dat it slagget", fynt Visser.

Datingtips fan Geppy Visser

(Advertinsje)
(Advertinsje)