Vegan Streaker moat de sel yn foar brânstifting

16 nov 2020 - 15:13

Aktivist Peter Janssen út Stiens moat fyftjin moanne de sel yn foar brânstifting by in eineslachterij yn Ermelo. Ek moat er in skeafergoeding fan 5000 euro betelje oan de slachter. Janssen is better bekend ûnder de namme Vegan Streaker.

Foto: Facebook Peter Janssen

Op 28 maaie fan dit jier giene by de eineslachterij trije trailers en in frachtwein yn flammen op, in waachhok rekke swier skansearre. Seis wenningen yn de buert moasten ûntromme wurde.

Janssen melde him nei de brân by de plysje en sei dat de brânstifting bedoeld wie as statement tsjin it slachtsjen fan einen.

De rjochtbank yn Zutphen seit dat Janssen mei syn aksje de minsken yn de buert fan de eineslachterij yn gefaar brocht hat. Om't it fjoer him fluch en ûnkontrolearber ûntwikkelje koe.

Janssen krijt úteinlik 25 moannen finzenisstraf, wêrfan tsien ûnder betingst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)