Donearaksje op tou set foar mishannele hynders

16 nov 2020 - 14:46

Der is in donearaksje op tou set foar de hynders yn Ferwert dy't ferline wike troch ûnbekenden mishannele binne. It jild moat helpe om de medyske kosten fan de beide hynders te beteljen, en om in kamera-systeem foar de befeiliging oan te keapjen.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De twa Yslânske hynders Píla en Gjóla waarden yn de nacht fan moandei 9 op tiisdei 10 novimber mishannele yn in stikje greide krekt bûten Ferwert. Unbekenden hawwe de hynders mei in skerp foarwerp yn de fagina stutsen.

Mei de hynders giet it alwer better, mar eigeneres Hennie van Oosten wie bot oandien. Om foar te kommen dat soks wer bart hawwe freonen en bekenden in donearaksje op tou set. It doel is om yn totaal 2.500 euro op te heljen, om dêrmei in befeiligingskamera oanskaffe te kinnen.

It jild sil fierder brûkt wurde om de medyske kosten fan de hynders fan te beteljen. "Omdat we weten dat Hennie al haar liefde en centjes aan haar dieren besteed, willen we haar graag een hart onder de riem steken door deze crowdfunding op te starten," sa skriuwe de inisjatyfnimmers op de webside.

Oant no ta is der al 1072 euro ophelle.

Trefwurden: 
mishanneling hynders Ferwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)