RIVM: 119 nije coronabesmettingen yn Fryslân, 3 stjergefallen

16 nov 2020 - 14:25

Der binne de ôfrûne 24 oeren 119 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 49 mear as snein, doe wiene it der 70. Nei it wykein jouwe de sifers lykwols soms wat in fertekene byld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (35). Dêrnei komt Ljouwert mei 21 nije besmettingen. Opfallend is it tal besmettingen yn Achterkarspelen, dêr't 10 minsken posityf testen waarden, wylst it oantal dêr altyd folle leger lei.

Yn Fryslân binne sûnt snein trije stjergefallen meld en ien nije sikehûsopname.

Lanlik binne der 4873 nije besmettingen fêststeld, minder as snein.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)