Brânbrief amtners Smellingerlân: "Ik fyn it knap dat de minsken noch wurkje!" 

16 nov 2020 - 14:17

Amtners fan de gemeente Smellingerlân binne frustrearre en teloarsteld yn de gemeenteried. De need is sa heech dat sy in brânbrief skreaun hawwe oan de riedsleden.

Brânbrief amtners Smellingerlân: "Ik fyn it knap dat de minsken noch wurkje!" 

Oanlieding foar de brief is de gemeentlike begrutting dy't troch de gemeente behannele is. De amtners hawwe besocht de begrutting slutend te krijen, mar in tal partijen yn de gemeenteried brocht dêr in tal feroarings yn oan.

Anton Pieters, fraksjefoarsitter PvdA yn Smellingerlân is net ferrast troch de brief, mar hy hat der wol in soad noed oer. "Ik fyn it knap dat de minsken noch wurkje, en net op de grûn sitten gean!"

PvdA-fraksjefoarsitter Anton Pieters oer de rebûlje yn Smellingerlân

De amtners besykje in begrutting te skriuwen dy't slutend is en dy't de goedkarring krije kin fan de provinsje. Mar mei de hieltyd feroarjende easken fanút de ried, wurdt it ferhaal dreech.

Trochskowe

Under oare de ELP wie yntsjinner fan dy amendeminten. Neffens harren is it fermogen fan de gemeente op, en moat der better besunige wurde. Mar Pieters is it dêr net mei iens: "Alle ûnderhâld dy't je no net dogge, komme letter werom en dan binne se djoerder. It is it ferskowen fan it probleem."

Fraksjefoarsitter fan de ELP Yntze de Vries fynt dat der in saneamde 'kerntakendiscussie' komme moat. "Ik sis no wolris, wy gean elke dei nei de winkel om 150 dweilen te heljen. Mar lit ús no asjeblyft it dak tichtmeitsje sadat we finansjeel sûn nei de takomst kinne."

Yntze de Vries fan de ELP Smellingerlân

Oer de brief fan de amtners wol De Vries yn petear. "Wy ha yn de riedseal praat oer de begrutting. It soe moai wêze dat wy dêr ek yn petear kinne mei de minsken achter dizze brief. En dan komme we derút. Mar we moatte net op oare plakken as yn de riedseal hjir oer prate. Dat wolle wy alteast net."

De problemen by de gemeente Smellingerlân binne net nij, al sûnt begjin dit jier rommelet it yn de gemeente. Der is yn de tuskentiid wol it ien en oar feroare; sa is der bygelyks in sakekolleezje kaam. "Mar dat wantrouwen en de achterdocht dat giet gewoan troch. It is sa net te wurkjen."

'Gemeenteried tekenet net samar by krúske'

Ut namme fan it CDA yn Smellingerlân seit Karin van der Velde dat se fynt dat de amtners es goed neitinke moatte. "In gemeente is in hiel komplekse omjouwing. En de amtners hjir wurkje om't se wat dwaan wolle foar de gemeente. Mar as de winsk fan de amtner is dat de gemeenteried tekenet by it krúske, dan is it miskien net de omjouwing dy't hy of sy tocht dat it is."

In oplossing liket der net sa ien, twa te wêzen, sjocht ek PvdA'er Anton Pieters: "Ik wit it wier even net." Mar dat laket Van der Velde fuort. "De PvdA wit it wolris faker net, mar it komt seker goed."

Fraksjefoarsitter Karin van der Velde fan it CDA Smellingerlân

(Advertinsje)
(Advertinsje)