Wetterskip Fryslân leit natuerfreonlike oevers oan om wetteroerlêst foar te kommen

16 nov 2020 - 13:57

Wetterskip Fryslân leit de kommende tiid fyftjin kilometer natuerfreonlike oevers oan by tsien fearten. Dit wurdt dien om wetteroerlêst by ekstreme delslach better op te heinen. Ek de ekologyske wetterkwaliteit wurdt dêrtroch ferbettere. Troch it ferbreedzjen fan fearten wurdt der mear wetterbergingskapasiteit kreëarre.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It giet om fearten lâns De Linde, de Tsjonger, Nije Swimmer, Stoppelsoal, it Van Harinxmakanaal en it Streamkanaal. Yn 2021 wurdt úteinset mei de oanlis by de Lits en de Kúkhernsterfeart. It wurde saneamde 'luwe' oevers. Dat betsjut dat der mear sinneljocht by de boaiem komt. Dêrtroch ûntstiet der in better leefgebiet foar wetterplanten en bisten. Wetterreid groeit hjir ek better, wêrtroch't it wetter suverder wurdt.

De kosten fan it projekt wurde rûsd op sa'n 3,2 miljoen euro. It projekt wurdt mei-finansearre troch it Europeeske Lânboufûns foar plattelânsûntwikkeling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)