Plysje siket dief dy't mei stellen pinpas fan 90-jierrige frou nei it casino giet

De plysje hat bylden frijjûn fan de man dy't yn augustus de pinpas fan in 90-jierrige frou út Harns ôfpakte. De dief sloech ta yn it Ljouwerter sikehûs MCL. Dêrnei pinde er grutte bedraggen mei har pinpas yn it casino yn Grins.
Pinautomaat © Shutterstock.com
Op de webside fan de plysje stean bylden fan de man. Sa is de dief te sjen op de befeiligingskamera fan it sikehûs en op bylden yn it casino yn Grins. De plysje hopet dat minsken de man werkenne en him oanjouwe by de plysje. "Zomaar inzetten van beelden is een zwaar middel," sa seit Anthony Hoogeveen fan de plysje. "Maar wij denken dat dit iemand is die herkend moet worden door iemand die hem kent."
It giet om in blanke man mei in kealende holle. De plysje wol net sizze hoefolle jild der úteinlik stellen is fan de frou. "Het gaat om een behoorlijk bedrag, maar het is sowieso een laffe daad als je zoiets doet, en als het dan gaat om een vrouw in een zorginstelling gaat van 90 jaar, dan hoor je dit zeker niet te doen."
Anthony Hogeveen
Tips binne wolkom fia telefoannûmer 0900 8844 of troch mei de tiplijn fan de plysje te beljen: 0800 6070.
Besjoch hjirûnder de bylden fan de dief.