Jansjet de Vries lêst foar oan âlderein: "Fan famyljeferhalen oant ferhalen út de oarloch"

16 nov 2020 - 12:47

Jansjet de Vries-Van der Werff út Tytsjerk lêst foar oan âlderein. Se nimt har harkers mei werom yn de tiid, troch harren foar te lêzen út har eigen boek 'It is stjerrend wier, heite!'. Troch de strange coronamaatregels wurdt it lykwols hieltyd lestiger om de minsken yn fersoargingshuzen foar te lêzen.

Foto: ANP Foto

Yn maaie 2015 kaam it boek fan De Vries yn de winkel te lizzen; in heal jier letter begûn De Vries mei it foarlêzen oan âlderein. Dat barde nei't se in kear mei har suster mei wie nei it fersoargingshûs fan Blauhús. "Wolle jo even wat foarlêze", frege it personiel har dêr, doe't se der efter kommen wiene dat se in echte skriuwster yn harren midden hiene.

It foarlêzen foldie har sa goed, dat De Vries it mei leafde faker dwaan woe. Dochter Truus makke der pas echt wurk fan: se stjoerde fuort in flyer nei 55 âldereinhûzen yn de provinsje. "Ik hie fuort in hiel soad oanfragen", seit De Vries.

'It is stjerrend wier, heite!'

It boek fan Jansjet de Vries - 'It is stjerrend wier, heite!' - stiet fol mei anekdoaten. Fan famyljeferhalen oant tsjerkeferhalen, fan simmerferhalen oant ferhalen út de oarloch. "Ik fyn âldereinhuzen moai om te dwaan", seit De Vries oer it foarlêzen oan âlderein. Faaks is it ûnthâld fan de minsken yn de fersoargingshuzen al net sa goed mear. "It is mei minsken dy't al wat ferdwale yn de tiid. Ik ha der in powerpointpresintaasje by, dus se sjogge bylden fan it ferhaal."

Coronamaatregels

Dochs is ek it foarlêzen hast hielendal ta stilstân kommen troch de coronamaatregels. Foar de kommende wike stiet der wol in fersoargingshûs op it programma, mar it is yn dizze tiden nea wis of dat trochgiet.

"Hiel spitich", fynt De Vries it. "It is in tryste tastân, foaral foar dy âlde minsken. Je woene wol mear dêr hinne te fertellen, mar je komme nergens binnen."

Jansjet lêst foar oan âlderein

(Advertinsje)
(Advertinsje)