Opnamestop by psychologepraktyk: "We kunnen die mensen niet in de steek laten"

16 nov 2020 - 12:10

Foar de earste kear sûnt it bestean fan psychologepraktyk Maarsingh en Van Steijn ha se in opnamestop. Se kinne gjin nije minsken mear helpe yn harren praktyk. De organisaasje hat it folle drokker krigen sûnt it begjin fan de coronakrisis en is fier oer harren budzjetten hinne.

Maarsingh en Van Steijn

De opnamestop sil yn elk gefal duorje oant begjin 2021, jout psycholooch Bernard Maarsingh oan. Sels fynt hy it in freeslik beslút dat se nimme moasten. "Mensen komen niet voor niks bij ons", fertelt er. "Het zijn mensen die met problemen zitten, kwetsbare mensen. Juist nu met corona ervaren ze extra druk. We kunnen die mensen niet in de steek laten."

Maarsingh hat dêrom in skoft minsken holpen wêrtroch hy oer it budzjet hinne kaam fan wat de praktyk te besteegjen hat. Op dit stuit sit hy sawat in ton der oer hinne. En dat soe allinnich noch mar mear oprinne, dêrom hat hy úteinlik de kar meitsje moatten om gjin nije minsken te helpen.

Ferbining ferdwynt

Ien fan de minsken dy't hy wol helpt Adri Abma fan 46 jier út Stiens. De coronakrisis hat in soad ynfloed op har libben. "De ferbining mei oaren ferdwynt wer en dat is foar my just hiel wichtich. Mar net allinnich foar my, der binne folle mear minsken dy't hjir mei sitte."

Tiisdei in reportaazje mei dêryn it folsleine ferhaal fan Adri.

Foto: Omrop Fryslân

Hoe no fierder?

Neffens Maarsingh is der mar ien oplossing foar dit probleem. It jild wat fan de soarchfersekerders komt, moat oars regele wurde. Op dit stuit bepaalt in soarchfersekerder yn it foar hoefolle jild se útjouwe oan behannelingen binnen in praktyk en lizze dat fêst yn in kontrakt. Mar as it dan ûnferwachte folle drokker wurdt yn de praktyk of der komme minsken wêrby't de problemen net samar oplost binne, dan komme je oer dit bedrach hinne. Dat is wat der no bart yn de praktyk fan Maarsingh.

Het is schandalig. Maar dit probleem speelt niet bij ons. Op dit moment lopen 40 rechtszaken tegen zorgverzekeraars.

psycholooch Bernard Maarsingh 

"Het is schandalig", seit Maarsingh. "Maar dit probleem speelt niet bij ons. Op dit moment lopen 40 praktijken tegen zorgverzekeraars. Naar schatting wordt er per jaar 300 miljoen euro aan gratis zorg geleverd omdat er gewoon te veel vraag is naar zorg." Op dit stuit is Maarsingh noch oan it ûnderhanneljen mei soarchfersekeringen foar mear jild, sadat se wer mear minsken helpe kinne. Mar oft dit slagje sil, is noch mar de fraach.

Nei oanlieding fan dit ferhaal hat kontakt west mei GGZ Fryslân en Synaeda, beide jouwe oan dat der by harren praktiken gjin stiging is fan it oantal kliïnten nei oanlieding fan de coronakrisis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)