Needgjalp Teäter Snits en it Bolwurk: “Wurd ús freon!”

16 nov 2020 - 11:08

It Teäter Snits en it Bolwurk yn Snits hawwe in grutte kampanje opset om mear 'freonen' te krijen. Dy freonen betelje 35 euro yn it jier en dat jild kinne se by it teäter en it poppoadium goed brûke. Troch it coronafirus is it nammentlik dreech om de holle finansjeel boppe wetter te hâlden.

Needgjalp Teater Snits en it Bolwurk: “Wurd ús freon!”

Earder kloppen it Bolwurk en Teäter Snits al foar stipe oan by de polityk en it bedriuwslibben. Dat hat aardich wat jild opsmiten, mar noch net genôch om wissichheid foar de takomst te hawwen. "We hebben gewoon nog veel onzekere factoren. Zo weten we nog niet zeker of we dinsdag bericht krijgen dat we weer open mogen", sa seit direkteur Wiebren Buma. "En als we weer open mogen, voor hoeveel mensen zal dat dan zijn?"

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Unwisse takomst

De teäters moasten lykas musea en biblioteken oardel wike lyn de doarren wer slute foar it publyk. De strangere maatregels yn ferbân mei corona soene yn elts gefal foar twa wiken jilde. It liket der op dat se ein dizze wike wer iepen meie. Buma: "Daar zijn we natuurlijk blij mee, maar het zal er waarschijnlijk op neerkomen dat er dan weer dertig mensen naar een voorstelling of optreden mogen komen kijken. Bovendien mag de horeca niet open zijn, dus de inkomsten blijven ontzettend laag."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn Súdwest-Fryslân hat de gemeente earder 1,8 miljoen euro útlutsen foar it oerein hâlden fan ûnder oare de kulturele ynstellings. Ek yn oare gemeenten is der stipe jûn oan de teäters, mar troch de ûnwissens oer de takomst is der nei alle gedachten mear jild nedich. "We weten nog niet hoe het in 2021 komt", legt Buma uit. "Moeten we dit hele seizoen als verloren beschouwen of komt er toch nog een versoepeling dat we misschien zestig mensen binnen mogen laten? Of misschien zelfs weer naar een zaal op anderhalve meter?"

Posters yn de stêd

Buma hopet dat der rap mear dúdlikens komt, mar brûkt yntusken de tiid om sels yn aksje te kommen. "We weten nog niet hoe het in 2021 komt", leit Buma út. "Moeten we dit hele seizoen als verloren beschouwen of komt er toch nog een versoepeling dat we misschien zestig mensen binnen mogen laten? Of misschien zelfs weer naar een zaal op anderhalve meter? We hebben nu ineens wel meer tijd om een nieuwe werving van vrienden te doen." En dus hingje der sûnt in pear dagen rûnom yn de gemeente posters mei de oprop om freon te wurden fan it teäter of fan it Bolwurk.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Direkteur Wiebren Buma

(Advertinsje)
(Advertinsje)