Kollum: "Ferknald"

16 nov 2020 - 08:18

"Gjin sierfjoerwurk om klokslach tolve oere dit jier om 2021 yn te lieden. Gjin lawinepylken mei fan dy reade of griene bollen dy't oeren lang yn de loft hingjen bliuwe. En gjin astronauten, rotsjes of fan dy grauwe Thunderkings dy't in knal fan jewelste jouwe. Alteast, dat is wat it kabinet foar eagen hat mei it fjoerwurkferbod dat freed bekend makke waard.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik bin sels absolút gjin fan fan fjoerwurk, lit ik dêr mei begjinne. Ik ha mar in hekel oan al dy knallen. Ik fyn it skande foar al dy hûnen en katten dy't deabenaud thús ûnder de bank krûpe. Ik ergerje my dea oan al dy rommel dy't op nijjiersdei op 'e dyk leit en net opromme wurdt troch de minsken dy't it brûkt ha. En ik kin wol janke as ik lês dat minsken dy't sels neat ôfstekke in each misse moatte omdat ien oft oare kloat mei yllegale fjoerpylken lei te griemen. Dus wat my oanbelanget mei sa'n fjoerwurkferbod der fuortendaliks wol komme.

Mar ik fernim hjir thús by de bern dat se al wikenlang útsjogge nei it momint dat se fjoerwurk keapje meie. Se kinne net wachtsje om yn de winkel alderhande pylkjes, knallers en grondbloemen út te sykjen. It is it hichtepunt fan âldjiersdei as se fan tsien oere ôf moarns de rommel ôfstekke meie. Sa'n fjoerwurkferbod smyt harren hiele âld en nij-plannen yn it wetter. Dat fyn ik dan ek wol wer skande.

Mar wêr't ik no benammen begrutsjen mei ha, is dejinge dy't dit allegearre hanthavenje moat. Us plysje-aginten dy't foar de ûnmooglike taak stean om foar te kommen dat wy op âldjiersdei fjoerwurk ôfstekke. Ik begryp de ûnderlizzende argumintaasje dat soarchpersoniel it smoardrok hat en dus al dy ekstra fjoerwurkslachtoffers der net by ha kin, mar hoe sit dat mei ús plysjeminsken? Ha dy it al net drok genôch mei alle gewoane saken? Lit stean dat se no ek nochris boeten útdiele moatte oan minsken dy't fjoerwurk ôfstekke.

Aldjiersnacht liket my sawiesa de meast kloaterige dei om as plysjeman of -frou te wurkjen. Elkenien is foar tolve oere al smoar en begjint dan te hannisjen mei fjoerwurk. En dan meisto tsjin al dy balstjurrige kloatsekken sizze dat soks dit jier net mei. No gean der mar oanstean. En it is net ien hûs dêr'tst lilke bewenners hast dy't harren tûzenklappers útrôlje op strjitte, in hûs fierderop stekke de buorlju mei grutte bekken de lawinepylken yn de grûn om ôf te stekken.

Al hoe graach ik ek in fjoerwurkfrij âld en nij ha wol, ik sjoch it net sitten om ús plysje-aginten dit oan te dwaan. Yn de soarch ha se it drok, mar by de plysje krekt sa. En it moat net sa wêze dat de sikehuzen aanst follizze mei aginten dy't ferwûne rekke binne op âldjiersnacht om't se it fjoerwurkferbod hanthavenje moasten. Dan is it jier 2020 echt ferknald."

(Advertinsje)
(Advertinsje)