Iepen dagen yn coronatiid: online fragen stelle oer dyn nije oplieding

16 nov 2020 - 07:46

Thús op de bank dyn nije skoalle ûntdekke: by ROC Friese Poort kin it. De skoalle hâldt online iepen dagen. "We bieden studenten de mogelijkheid om online in contact te komen met onze docenten, opleidingen en huidige studenten", fertelt Jelma Dekker fan ROC Friese Poort. "Het is niet ideaal, maar gezien de omstandigheden de beste optie."

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

Fanwegen de coronamaatregels kinne alle iepen dagen op skoallen net trochgean. Dêrom betocht ROC Friese Poort it plan foar online iepen dagen. "We hadden gelukkig al een online variant achter de hand", fertelt Dekker. "We bieden toekomstige studenten de mogelijkheid om in contact te komen met onze docenten en huidige studenten. We organiseren webinars, waar ze vragen kunnen stellen. Dat kan ook via social media. En we houden een presentatie voor ouders."

Drege kar

De online iepen dagen freegje hiel wat fan de organisaasje achter de skermen en helje it net by échte iepen dagen, fynt Dekker. "Maar gezien de omstandigheden is dit de beste optie. Sfeerproeven op de locatie is lastig, maar het belangrijkste is dat toekomstige studenten en hun ouders vragen kunnen stellen." Oft de online iepen dagen gefolgen hawwe sille yn de foarm fan in leger tal oanmeldings, doart Dekker net te sizzen. "We weten dat deze groep jongeren het ontzettend lastig vindt om op dit moment een goede keuze te maken. Maar we doen ons uiterste best om ze zo goed mogelijk te informeren."

Sjoch online foar mear ynformaasje

Alle ynformaasje oer de online iepen dagen stiet op de webside fan ROC Friese Poort. "Elke dag tussen 16.00 en 20.00 uur organiseren we de online activiteiten", follet Dekker oan. "Voor de webinars moeten studenten zich aanmelden. Dat schalen we op wanneer er veel belangstelling blijkt te zijn."

Jelma Dekker fan ROC Friese Poort

(Advertinsje)
(Advertinsje)