Liveblog | 16 novimber 2020

Coronanijs fan 16 novimber: 119 nije Fryske coronabesmettingen

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus te folgjen.
Lêst bywurke: 17 novimber 2020, 07:36
23:09

Ein fan dit liveblog

Moarn is der in nij liveblog mei it lêste coronanijs út Fryslân. En om sân oere stjoere we de parsekonferinsje fan premier Rutte rjochtstreeks út op radio en telefyzje.
20:55

Leeuwarder Online Horeca Festival

De Ljouwerter hoareka organisearret sneon in livestream. Fan 15:00 oant 01:00 oere binne de live artysten & DJ's digitaal "yn dyn wenkeamer". Tal fan saken dogge mei.
20:50

VSCD: hast helte teäters yn 2020 net mear iepen

Hast de helte fan de Nederlânske teäters iepenet nei alle gedachten dit jier net mear de doarren. De VSCD, koepel fan skouboargen en oare poadia, meldt dit op basis fan in enkête ûnder 136 leden. It giet om lytse en grutte teäters.
"De veranderende coronaregels en de onduidelijkheid die de overheid geeft over de nabije toekomst zijn loodzwaar voor de podia", seit in wurdfierder fan VSCD. "Het is logistiek niet meer te bolwerken om elke keer de voorstellingen af te gelasten en weer alle bezoekers op te moeten bellen en de tickets te moeten restitueren."
Ek artysten beskôgje dit jier as ferlern.
20:44

Faksin earst nei soarchmeiwurkers en kwetsbere groepen

Yn in notysje dy't de ministerried tiisdei besprekt soe stean dat it faksin tsjin it coronafirus as earste beskikber wêze moat foar soarchmeiwurkers en kwetsbere groepen. By in twadde partij faksins wurde ek minsken mei fitale beroppen yninte. Dêrnei komt de rest fan de befolking oan bar.
20:41

Minister: noch gjin termyn op oppakken sport

Fertsjinwurdigers fan 4 sportbûnen prate dizze wike mei topamtners fan it ministearje fan VWS oer it oppakken fan de topkompetysjes neist fuotbal. "We staan allemaal te trappelen om weer aan de slag te gaan", sei de minister fan VWS. "Het liefst zo snel mogelijk, maar het moet wel kunnen. We hopen natuurlijk dat er zo snel mogelijk weer gesport kan worden. En dan kunnen we ook kijken wat er eventueel bij een volgende keer anders kan. Hoe we misschien dan tot meer maatwerk kunnen komen bijvoorbeeld."
19:31

"De saamhorigheid is geweldich"

Edwin en Elisabeth van der Werf, eigeners fan Restaurant Lauwersland yn Aldwâld, ha in soad positive reaksjes en stipe út de regio krigen. Fanwegen de coronamaatregels drige it restaurant fallyt te gean, mar troch in soad bestellingen en jild út in crowdfundingsaksje kinne se wer efkes foarút.