Oerfal op pizzeria op It Hearrenfean: plysje op syk nei twa wapene manlju

Twa wapene manlju hawwe sneintejûn krekt nei tsien oere in pizzeria oan de Trambaan op It Hearrenfean oerfallen. De plysje is op it stuit op syk nei de dieders. De meiwurkers rekken by de oerfal net ferwûne.
Domino's Pizza op It Hearrenfean © SRFotografie
It soe gean om twa manlju mei donkere klean en bivakmûtsen. Ien fan harren hat in swarte Stone Island-trui mei in reinbroek oan. De manlju soene likernôch 22 of 23 jier wêze.
De plysje freget by it oantreffen fan de persoan sels net te dwaan, mar kontakt op te nimmen mei it neednûmer 112.