SC Cambuur makket fan 'topper' tsjin Almere City trainingspartijke: 7-2

15 nov 2020 - 21:50

SC Cambuur hat de topper tsjin Almere City sneintejûn mei grutte sifers wûn. Yn it Cambuur Stadion wiene de Ljouwerters mei mar leafst 7-2 te sterk foar de nûmer twa fan de Keuken Kampioen Divisie. Cambuur hat no noch in efterstân fan twa punten op Almere, mar hat wol in wedstriid minder spile.

Jamie Jacobs en Michael Breij fiere in doelpunt fan Cambuur - Foto: www.orange-pictures.nl

De Ljouwerters kamen al yn de tredde minút op foarsprong doe't Mitchel Paulissen op oanjaan fan Giovanni Korte knap binnenskeat. Fiif minuten letter wie it lykwols wer gelyk. Doelman Sonny Stevens skatte in mislearre foarset fan âld-Cambuurspiler Delvechio Blackson ferkeard yn, wêrnei't dy oer de keeper hinne fleach it doel yn.

Cambuur moast efkes bekomme fan dy tebeksetter, mar kaam dêrnei op stoom. Yn de 24e minút koe Erik Schouten in korner fan Mees Hoedemakers foarby doelman Michael Woud koppe en trije minuten letter wie it Jamie Jacobs dy't út in korner fan Hoedemakres binnensjitte koe: 3-1.

Michael Breij makke it nei in goed heal oere spylje noch slimmer foar Almere. De oanfaller skeat fan de râne fan it strafskopgebiet ôf raak. Dêrmei kaam de stân by it skoft op 4-1.

Doelpunterein

Nei it skoft hold Cambuur net op mei skoaren. De iene nei de oare goal fleach doelman Woud om de earen. De earste nei it skoft kaam op namme fan Robert Mühren dy't ienfâldich trochrinne koe nei it sechstjin meter gebiet en fan dêr ôf hurd raak skeat. Breij en Korte koene yn respektyflik de 52e en 53e fan tichteby raak sjitte, wêrmei't de stân doe al op 7-1 kaam.

De ploech fan trainer Henk de Jong krige dêrnei noch in tal grutte kânsen, mar slagge der net yn de foarsprong noch fierder út te wreidzjen. Almere City makke der yn de blessueretiid noch wol 7-2 fan fia Damon Mirani. Dêrmei bliuwe de 8-1-oerwinningen fan 24 septimber 1967 tsjin RBC Roosendaal en op 29 maart 2010 tsjin Top Oss foarearst dus yn de skiednisboeken stean.

Tredde plak

Cambuur stiet nei de oerwinning op it tredde plak yn de kompetysje mei 25 punten út alve wedstriden. Almere City en De Graafschap hawwe respektyflik twa en trije punten mear, mar hawwe beide wol in wedstriid mear spile. Nije wike tongersdei kin Cambuur it gat mei De Graafschap goedmeitsje as se it op De Vijverberg tsjin inoar opnimme.

SC Cambuur - Almere City 7-2 (4-1) 3' 1-0 Mitchel Paulissen, 9' 1-1 Delvechio Blackson, 24' 2-1 Erik Schouten, 29' 3-1 Jamie Jacobs, 31' 4-1 Michael Breij, 48' 5-1 Robert Mühren, 52' 6-1 Michael Breij, 53' 7-1 Giovanni Korte, 90+1' 7-2 Damon Mirani.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt (78' Ter Heide), Mac-Intosch, Schouten (78' Kramer), Sambissa (71' Bangura); Jacobs, Hoedemakers, Paulissen (78' Maulun); Breij (71' Oratmangoen), Mühren, Korte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)