Frysk anty-diskriminaasjeburo Tûmba lansearret de Minskerjochteflagge

15 nov 2020 - 18:40

Op inisjatyf fan it Fryske anty-diskriminaasjeburo Tûmba is der in Minskerjochteflagge ûntwikkele. Op 10 desimber sil de flagge offisjeel lansearre wurde troch De landelijke vereniging van Anti Discriminatie Voorzieningen yn Nederlân. 10 desimber is útroppen ta ynternasjonale dei fan de minskerjochten en boppedat wurdt op dy dei stilstien by it 75-jierrich bestean fan de Feriene Naasjes (FN). Ien fan de doelen fan de FN is it beskermjen en ferbetterjen fan de minskerjochten.

De Minskerjochteflagge - Foto: mensenrechtenvlag.nl

Tûmba-direkteur Mirka Antolovic kaam op it idee fan de flagge nei oanlieding fan de diskusje yn de Fryske steaten oer de reinbôgeflagge. Dy hinget der no wol, mar dat kealle swier omdat in mearderheid yn de steaten fan miening wie dat de provinsje der foar álle minsken is. Mirka Antolovic: "Ik dacht: als de provincie er echt voor álle mensen is, kan dat getoond worden door op de Internationale Dag van de Rechten van de Mens, de mensenrechtenvlag te hijsen. En toen kwam ik er achter dat er helemaal niet zo'n vlag is!"

Untwerp

By Tûmba is doe in idee makke foar sa'n flagge en de Ljouwerter ûntwerper Menno de Boer hat in definityf ûntwerp makke. De flagge is in symboal foar de lykweardigens fan alle minsken op ús ierde. It is in posityf teken yn in tiid fan polarisaasje, sa seit Mirka Antolovic.

De minskerjochteflagge is in kleurige flagge: boppeyn it blau fan de loft, de ûnderkant grien fan de ierde en dêrtusken in giele wokkel dy't it DNA fan de minsken ferbyldet. It idee dêrefter is dat alle minsken DNA ha en troch dat DNA der allegearre ferskillend útsjogge.

De flagge wappert oan it gebou fan Tûmba - Foto: eigen foto

De flagge sil op 10 desimber net allinne yn Fryslân te sjen wêze. Ek yn de rest fan Nederlân, yn Amearika en yn oare Europeeske lannen sil de flagge wapperje by minsken thús en op gebouwen fan skoallen, gemeenten, bedriuwen en ynstânsjes. Sa sil de gemeente Grins twa grutte flaggen op de Martinitoer hysje en sille learlingen fan in middelbere skoalle op in plein yn Ljouwert de flagge mei stoepkryt ynkleurje. Ek ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW MKB Noord stipet it inisjatyf troch de flagge op meardere lokaasjes út te stekken.

Doboj

"Wat mij emotioneert is dat ook de burgemeester van het stadje waar ik geboren ben in Bosnië - Doboj - heeft toegezegd de vlag te hijsen. Het stelt natuurlijk niets voor, zo'n klein stadje, maar mij persoonlijk doet het heel veel", sa seit Mirka Antolovic.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Mirka Antolovic

Trefwurden: 
Tûmba flagge minskerjochten
(Advertinsje)
(Advertinsje)