Likernôch fyftjin minsken by demonstraasje yn Harns tsjin flechtlingebelied

15 nov 2020 - 16:56

Op de demonstraasje tsjin it Europeeske flechtlingebelied yn Harns binne sneintemiddei likernôch fyftjin minsken ôfkaam. Mei de demonstraasje wolle de inisjatyfnimmers de Europeeske regearingen oproppe om it migraasjepakt te weroerwagen en de kampen yn Grikelân te evakuearjen.

Foto: CAMJO media

Yn hiel Europa hawwe lyktidich dizze demonstraasjes plakhân. Yn Nederlân wiene ûnder mear demonstraasjes yn Amsterdam, Utrecht en Grins.

Op de Fryske demonstraasje spruts ûnder mear de boargemaster fan Harns, Roel Sluiter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)