Skuldbelidenis yn Drachtster tsjerke foar hâlding yn de oarloch: "We zijn nalatig geweest"

15 nov 2020 - 15:59

Mei skamte en skuldbesef erkenne de protestantske tsjerken dat se yn de Twadde Wrâldoarloch de Joaden oan harren lot oerlitten ha. Ferline wike liezen de PKN-tsjerken yn Nederlân al in ferklearring foar yn de tsjinst, snein diene de behâldende tsjerken dat. "We zijn nalatig geweest toen onze Joodse medeburgers werden weggevoerd en we niks deden", sa sei dominy Kieviet fan Renswoude yn de kristlike grifformearde tsjerke fan Drachten.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn de ferklearring giene de tsjerken djip troch it stof, al waarden de minsken dy't Joaden wol holpen ha, net fergetten. "We gedenken hen die de moed hadden Joodse medeburgers bescherming te bieden". Yn Fryslân bygelyks hawwe 500 minsken de Yad Vashem-ûnderskieding krigen fan de steat Israël. Dat is in ûnderskieding foar de help fan net-Joadske minsken oan Joaden.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

By de tsjinst wiene ek kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Sietske Poepjes. Neffens Brok is it wichtich dat elkenien stil stiet by it ferline. "Dêr moatte we fan leare, want ek hjoed sjogge dat it antysemitisme tanimt, ek yn ús lân. Dan sjogge we gewoan wer in werhelling fan de skiednis."

Nea ferjitte

Brok fynt it in goeie saak dat de tsjerken skuld erkenne, al wit hy ek dat krekt út de grifformearde tsjerke wei in soad ferset wie tsjin de besetter. "Der hawwe in soad minsken west dy't goeie dingen dien hawwe, mar wy moatte earlik sjen nei wat der ferkeard gien is."

De oarloch is al mear as 75 jier lyn. "Dochs komt dit net te let. Better let as net." Hy wiist dêrby op it grutte drama fan de seis miljoen Joden dy't fermoarde binne. Fan de 800 Fryske Joaden hawwe mear as 600 de oarloch net oerlibbe. "Dat meie we nea ferjitte."

In pear passaazjes út de ferklearring:

"We zijn nalatig geweest toen ten tijde van de bezetting er in ernstige mate anti-Joodse maatregelen werden genomen en we bleven zwijgen. We zijn nalatig geweest toen om ons heen Joodse medeburgers werden opgepakt en afgevoerd en wij dat hebben laten gebeuren. We zijn nalatig geweest toen opgejaagde Joodse medeburgers bij een ons een schuilplaats zochten en wij onze huizen voor hen gesloten hebben. We zijn nalatig geweest toen de realiteit van de vernietigingskampen bekend begon te worden en we dat onrecht niet aan de kaak hebben gesteld. Het is met schaamte dat we onze nalatigheid erkennen. Het is ons gebed dat God onze tekortkomingen vergeeft."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie yn de tsjerke

(Advertinsje)
(Advertinsje)