Riedslid Caroline de Groot fan Warten op Twadde Keamer-list Partij voor de Dieren

15 nov 2020 - 15:33

Caroline de Groot fan Warten stiet by de Twadde Keamer-ferkiezingen fan maart 2021 op it 29e plak fan de list fan de Partij voor de Dieren. De Groot is sûnt 2018 gemeenteriedslid foar dyselde partij yn de ried fan Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

De Groot wie earder wurksum as offisier fan justysje en hat sûnt goed tsien jier in Bed & Breakfast. Se is de iennige ynwenner fan Fryslân op de list.

Esther Ouwehand fan Leiden is listlûker by de kommende ferkiezingen. Sy is op dit stuit ek de fraksjefoarsitter fan de partij yn de Twadde Keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)