RIVM: 70 nije besmettingen konstatearre yn Fryslân, gjin stjergefallen

15 nov 2020 - 14:37

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 70 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 21 minder as sneon, doe wiene it der 91. De 70 besmettingen binne der trettjin minder as it gemiddelde fan de ôfrûne sân dagen. Lanlik binne der 5.457 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Ljouwert (19). Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei fyftjin besmettingen. Twa Friezen binne yn it sikehûs rekke as gefolch fan in coronabesmetting. Der binne gjin Fryske stjergefallen meld yn de ôfrûne 24 oeren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Trefwurden: 
RIVM coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)