Coronanijs fan 15 novimber: 70 nije besmettingen fêststeld | Nei twa wiken wer Catshûs-oerlis

15 nov 2020 - 22:55
  • It RIVM hat snein 70 nije besmettingen yn Fryslân fêststeld yn de ôfrûne 24 oeren
  • It tal nije coronabesmettingen liket stabyl: sûnt ferline wike woansdei skommelet it tusken de 70 en 96;
  • Lanlik tal pasjinten op ic's ôfnaam;
  • Nei twa wiken wer Catshûs-oerlis oer corona, nei alle gedachten komt der tiisdei in parsekonferinsje;
  • Al it nijs oer it firus is te finen op omropfryslan.nl/corona.
23:00
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog. Tank foar it folgjen. Moandei is der wer in nij liveblog.

19:17
Catshûs-oerlis foarby

It oerlis yn it Catshûs wêr't in grut part fan de ministers byinoar wie foar oerlis oer de coronakrisis is ôfrûn. Dat meldt de NOS. Der is net bekend makke wat it oerlis oplevere hat.

Tiisdeitejûn jouwe premier Rutte en minister De Jong in parsekonferinsje oer de mooglike nije besluten. In dei letter komt it maatregelspakket dat foar twa wiken oankundige wie te ferfallen. Dat betsjut ûnder mear dat musea, biblioteken, bioskopen en teäters wer iepen meie.

17:39
Steatssekretaris Visser as earste kabinetslid besmet mei corona

Steatssekreatirs Barbara Visser (Definsje) is besmet mei it coronafirus. Dat skriuwt se op Twitter.

Se hat lichte ferkâldenheidsklachten en fielt har fierder goed. Visser giet yn thúsisolaasje. Se is it earste lid fan it kabinet dat besmet rekke is mei it coronafirus.

15:31
Kleastermuseum Gerkeskleaster bliuwt ticht

It kleastermuseum fan de Historische Kring Gerkesklooster-Stroobos bliuwt fanwegen it coronafirus foar de rest fan dit jier sletten. It is foar besikers en bestjoer net mooglik om de winske ôfstân fan oardel meter yn acht te nimmen, sa seit it museum.

It bestjoer fan it kleastermuseum hat besletten de eksposysje oer de Twadde Wrâldoarloch te ferlingjen oant it ein fan 2021. It kleastermuseum is fêstige yn de Herfoarme Tsjerke fan Gerkeskleaster.

15:00
Nederlânske sikehuzen sjogge tal coronapasjinten fierder omleech gean

It tal coronapasjinten yn Nederlânske sikehuzen is mei 30 omleech gien, fan 2.125 ta 2.095. Fan it tal opnommen Covid-pasjinten lizze der noch 586 op de intensive care, njoggen minder as sneon, sa meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). De oare 1.509 coronapasjinten lizze op ferpleech-ôfdielingen.

It LCPS meldt no seis dagen op rige in delgong fan it tal coronapasjinten. Sneon kamen noch 56 sikehûsbêden frij.

Yn regio's wêr't de druk heech is, binne it lêste etmiel trettjin pasjinten ferpleatst nei sikehuzen yn oare regio's dy't mear kapasiteit oer hawwe. Trije fan harren lizze op de ic.

14:51
Nei twa wiken wer Catshûs-oerlis oer corona

In grut part fan it kabinet oerleit sneintemiddei opnij yn it Catshûs oer de coronakrisis. Neffens belutsenen wurdt der no praat oer de situaasje nei heal desimber en of de maatregels dy't sûnt 13 oktober fan krêft binne, al oft net oanskerpe wurde moatte.

It is in ynformeel oerlis, tiisdei wurde pas de formele besluten naam. Nei alle gedachten jouwe premier Mark Rutte en coronaminister Hugo de Jonge tiisdeitejûn wer in parsekonferinsje, wêryn't se mooglik nije regels oankundigje.

Nei alle gedachten giet it dan net om yngripende maatregels, tinke boarnen. Ek komme der nei alle gedachten gjin regionale maatregels. Dit kin feroarje as de sifers dochs ôffalle. Ferline wike tongersdei en freed giene se wer omheech, sneon en snein giene se wer omleech.

Rutte sei freed op syn wyklikse parsekonferinsje ek mear sichte biede te wollen op de feestdagen. Hy ferwachtet net ynhâldlik dêr eat oer sizze te kinnen, mar wol oer hoe't de beslútfoarming dêroer gean sil. Ek is wis dat de coronaregels dy't twa wiken lyn ôfkundige waarden, lykas is sluten fan teäters en musea, kommende woansdei automatysk ferfalle.

14:45
Lanlik tal positive testen stik leger as sneon

It RIVM hat snein in stik minder positive coronatesten registrearre as sneon. It ynstitút krige 5.457 meldingen fan nije besmettingen binnen fan de GGD'en yn it lân. Dat wiene der 478 minder as sneon, doe wiene it der 5.935.

It getal fan sneon is in bytsje bysteld: yn earste ynstânsje melde it RIVM doe 5.941 nije gefallen, mar dat binne der dus krekt wat minder. Dit tal wie ek al leger as dat fan in dei earder.

It tal stjergefallen troch corona gie it ôfrûne etmiel mei 45 omheech. Dat wol net sizze dat al dizze minsken yn de ôfrûne 24 oer stoarn binne. Dizze ynformaasje wurdt somtiden mei wat fertraging trochjûn. Sneon registrearre it RIVM 86 deaden.

It RIVM melde freed 6.108 positive testen, tongersdei 5.651, woansdei 5.417 en tiisdei 4.681.

14:19
70 nije besmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

Der binne yn de ôfrûne 24 oeren 70 nije besmettingen mei it coronafirus fêststeld yn Fryslân. Dat binne der 21 minder as sneon, doe wiene der 91 besmettingen. De measte nije bestmettingen binne yn Ljouwert konstatearre: 19. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 15 besmettingen.

Fierder binne der twa minsken it sikehûs yn rekke yn Fryslân. Der binne gjin minsken ferstoarn yn Fryslân oan it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren.

7:00
Goeiemiddei!

Goeiemiddei en wolkom yn dit liveblog oer it coronafirus. It coronanijs fan sneon weromlêze? Dat kin hjir.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)