Motorcrosser rekket ferwûne nei sprong op Prikkedam yn Makkingea

By it sirkwy fan MSV Prikkedam yn Makkingea is sneintemoarn in motorcrosser fallen nei in sprong. Hy kaam yn in djip spoar terjochte en botste sa tsjin in sket njonken de crossbaan. Der binne twa ambulânsen op it plak kaam om help te ferlienen. Ek is der in medysk team ynflein mei in helikopter.
© BTBfotografie
It ûngelok barde tusken 11.00 en 12.00 oere. Is is net bekend hoe't it op dit stuit mei it slachtoffer giet. De motorrider is nei it sikehûs yn Grins brocht.