Rêdingsplan foar de skries woansdei oerlange oan minister Schouten

Natuerorganisaasjes biede woansdei harren Aanvalsplan Grutto foar it rêden fan de skries oan minister Carola Schouten fan Lânbou oan. It plan is in inisjatyf fan âld-minister Pieter Winsemius, It Fryske Gea, de Friese Milieu Federatie en Vogelbescherming Nederland. It wurdt breed droegen troch oare natuerorganisaasjes, mar ek troch de lânbousektor en seis provinsjes.
Aanvalsplan grutto © Aanvalsplan grutto
It giet min mei de greidefûgelstân en de skries (de nasjonale fûgel) ferdwynt stadichoan út ús lân. En just yn ús lân briedt leafst 80 persint fan de Europeeske populaasje. Dat makket de ferantwurdlikens neffens de partijen grut. It kin sa net langer, fynt Winsemius. Dêrom wie der neffens Winsemius in 'frontale aanval' nedich om de skries te rêden.

30 gebieten fan 1.000 bunder

Neffens it plan moatte der spesjale gebieten oanwiisd wurde dêr't de skries en oare greidefûgels har gerak krije kinne. It giet om gebieten fan tûzen bunder, yn de seis provinsjes dêr't de measte skriezen briede, ûnder oare yn Fryslân. It plan is rjochte op 30 grutte greidefûgelgebieten fan elts sa'n tûzen bunder. It plan is snein yn it NPO1-radioprogramma Vroege Vogels presintearre.

Wat moat der barre neffens it plan?

Mei it natuer- en lânboubelied fan hjoed-de-dei rêde wy de skries en de oare greidefûgels net. Dat is it boadskip fan de partijen. Boeren moatte stipe krije om harren bedriuwen op it beskermjen fan de fûgels ôf te stellen en tagelyk ekonomysk rindabel te bliuwen.
Der is in heger wetterpeil nedich (nei 10 oant 20 sintimeter ûnder it meanfjild), der moat minder fee opinoar stean, der moat letter meand wurde, rûge dong brûkt wurde en krûdrike greide oanlein wurde om it bioferskaat omheech te bringen. Ek moat de saneamde predaasjedruk omleech: sa't minder aaien en jonge fûgels opfretten wurde troch rôfdieren as katten, foksen en reigers.

Hoe moat it betelle wurde?

It plan freget elts jier 40 miljoen euro en ien kear in ynvestearring fan 35 miljoen euro (oer meardere jierren ferspraat).
Troch CO2 fêst te hâlden mei in heger wetterpeil, kin der jild besparre wurde. Yn feangreidegebieten soe dat delkomme op sa'n 300 euro de bunder, dêr bûten op 75 euro de bunder. De wetterskipslêsten foar boeren soene neffens de partijen omleech moatte, fan in trochsneed fan 100 euro de bunder nei sa'n 10 euro de bunder, sa't dat ek foar natuergebieten jildt. It ferlies oan ynkomsten foar it wetterskip soe kompensearre wurde moatte mei hegere lêsten yn de beboude omjouwing.
Ek soe it molkjild foar melkfeehâlders yn kânsgebieten omheech moatte mei sa'n 2 sint de liter, mei sa'n preemjeregeling foar mear ynkomsen soe greidegûgelbehear makliker wurde. Fierder soene boeren in hegere behearsfergoeding krije moatte dy't oer minimaal 15 jier rint.